Briefkje (106): Samar in wurdsje?

maart 5, 2024 08:00

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

ynformaasje op in begryplike wize oerbringe mei in grammatikale sin sûnder (te) wiidweidich taalgebrûk, falt noch net ta. Dat dêr wat tinkwurk mei anneks is, hasto my ferline wike kreas út ’e doeken dien. It heart allegearre hiel logysk, mar men moat alle oerwagingen dy’tst beskreaun hast, wol goed yn jin omgean litte.
By it skriuwen fan in tekst kin men jin it efkes oan tiid dwaan om nei te tinken. By it mûnling taalgebrûk leit dat lykwols oars; dan komme jin samar wurden yn ’t sin dy’t spontaan brûkt wurde. Dat soe neffens my de kearn wêze kinne fan it begryp ‘taal fan it hert’. Dêr falt grif mear oer te sizzen, mar ik wol no nei in foarbyld fan spontaan praten dat yndruk op my makke hat.

It giet om in man dy’t fertelt oer in moaie aksje fan de jongerein yn syn doarp. Hy begjint mei: ‘De jeugd is wolris wat rûch, mar klear.’ En dan giet er fierder oer it posityf hâlden en dragen fan in groep jongfolk. Dy twa wurden ‘mar klear’ – en ik sjoch dêr ek in beskaat hângebeart by, wat leit dêr in protte yn besletten. Hy bedoelde dat it him dêr no net om te rêden wie; dat witte wy wol, dat mei wol sa wêze, mar dat lit ik no efkes gewurde; dêr haw ik it no net oer; dat sljochtsje wy oer, want der is ek wol wat oars te melden. De balstjurrigens fan de jeugd wurdt mei in inkeld wurdsje samar oan kant reage, klear. Al dy bedoelingen dy’t ik neamde, sitte deryn beflapt. It is helder en dúdlik, mar ek, alteast op dit stuit, ôfdien, ôfhannele. Safolle ynhâld dy’t mei ien wurd útdrukt wurdt en … ek begrepen wurdt. Wy hawwe de term understatement alris op it aljemint hân. Dat liket my hjir wol fan tapassing, mar dy drukt boppedat út dat it sa slim net is.

De betsjutting fan wurden is eat dat my faak dwaande hâld. Ik mien dat it Jaap Slager wie dy’t der okkerwyks op wiisde dat in wurd as skande net perfoarst sa skandlik bedoeld hoecht te wêzen. In bytsje spitich is fuort gjin skande. No kom ik mar mei myn eigen taalûnderfining en -gefoel: as by ús thús foarhinne eat misgie – in beker molke foel om, of in foto wie teknoeid – dan wie de reaksje (yn it Hollânsk): ‘wat zonde’. Zonde van dat heerlijke drinken, of zonde van die foto. Myn gefoel seit dat it Frysk dêr skande foar hat: skande fan dat kostlike drinken, skande fan dy foto (mar miskien kin sûnde ek wol). Schande soe yn it Hollânsk te bot wêze; dan giet it om in skandaal, ûneare en opskuor. Mar zonde is ek wol wat oerdreaun. De sûnde fan Haitze Holwerda, yn dy prachtige roman fan Ulbe van Houten, is in wiere sûnde yn Bibelske sin en de man wurdt der oan ’e ein fan it ferhaal dan ek foar straft. De Fryske begripen sûnde en skande binne yn it deistich praat frij wat ôfswakke en dat jildt ek foar de Hollânske wjergaders. Ik priuw dochs in idiomatysk ferskil tusken zonde/schande oan de iene en sûnde/skande oan de oare kant.
Of bin ik dêr mis mei?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

maart 5, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J. Slager maart 5, 18:43

    ‘… mar klear, wy hawwe allegearre jong west.’
    (yn dut gefal is it de ko net fergetten dat er keal west hat)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.