Barbara Stok mei muorrefoljende strip oer Van Goghs ‘Lentetuin’ yn Grinzer Museum

maart 22, 2024 08:09 Fernijd

Stripmakker Barbara Stok fertelt it folsleine ferhaal fan de ‘Lentetún’ fan Vincent van Gogh yn in reuzegrutte strip, dy’t yn it Grinzer museum, neist it wurk fan Van Gogh, komt te hingjen. Stok ferbyldet de reis fan it skilderij op ’e muorren fan it museum: fan it atelier yn Nuenen oant it weromkommen nei de stellerij en de úteinlike presintaasje yn it Grinzer Museum. Dêr is de strip fan 29 maart ôf te sjen yn ’e útstalling 150 jier Grinzer Museum – Behind the Scenes.

‘Lentetún’-strip fan Barbara Stok (foto: Grinzer Museum)

Oer Barbara Stok
Barbara Stok (1970) is foar de opdracht troch it museum benadere en hat der goed twa moanne oan wurke. Hja is goed mei Vincent van Gogh bekend. Har byldroman Vincent is yn mear as tachtich lannen ferskynd. De NRC neamt har “ien fan de belangrykste stripmakkers fan Nederlân” en The Times en The Guardian skreaune ek loovjende resinsjes. Yn 2021 ferskynde De filosoof, de hond en de bruiloft, oer ien fan de earste froulju yn ’e filosofy. Frou Stok wurke fiif jier oan it boek, dat prizen yn binnen- en bûtenlân wûn.

‘Lentetún’ mei skansearringen te sjen
Yn Behind the Scenes wurde de foar- en efterkant fan de ‘Lentetún’ toand. Besikers kinne it wurk besjen sa’t it nei de stellerij werombrocht is, dus yn skansearre steat, mei de krassen op it wurk noch sichtber. Yn 2020 waard de ‘Lentetuin, de pastorietuin te Nuenen in het voorjaar’ (1884) stellen út Museum Singer Laren, dat it doe yn brûklien fan it Grinzer Museum hie. Tanksij de ynspanningen fan keunstynspekteur Arthur Brand kaam it yn 2023 wer boppe wetter – yn in IKEA-tas. Fan 29 maart ôf is it foar it earst wer yn it Grinzer Museum te bewûnderjen.

Behind the Scenes
De útstalling bringt alles oan it ljocht dat gewoanwei net foar besikers te sjen is. Hoe komt in kolleksje ta stân en hoe wurde keunstwurken konservearre? Hoe wurde se ferfierd en hoe wurdt dat yn it museum presintearre? Der binne – neist de ‘Lentetún’ – folle mear moaie kolleksjestikken út it museum te sjen fan ûnder oare Anton Corbijn, Iris van Herpen, Jeff Koons, Alessandro Mendini, Odilon Redon, en Peter Paul Rubens.

maart 22, 2024 08:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.