Arjan Hut: Man wurdt mem

maart 4, 2024 16:31

Kollum

Ik haw wolris in ferske yn ’e holle, of in stikje derfan – en ken it hiel goed, mar kom der dan net op wat it is! Hiel frustrearjend. Soks kin dagen, wiken duorje, hieltyd witst it hast, mar net hielendal. Lêsten ek wer, net mei in ferske, mar mei in dichtrigel. Dizze: “Ik stean hjir inkeld mar om nei de wrâld te sjen en om it ljocht dat yn my skynt te dragen.”

Tilda Swinton spilet sawol man as frou yn Orlando. Foto Nicolas Genin, boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0.

Yn it filmhûs draaide Orlando út 1992, neffens in boek fan Virginia Woolf. It is yn de grutte seal en dy rint healfol. Ik sit op ien fan de efterste rigen en der komme twa âldere froulju njonken my te sitten. Ien hat donkere krollen en draacht in bril. Se keuvelet op lústertoan mar troch en troch, ek troch de foarfilms – ik sjoch it swurk al driuwen. Dochs, as Orlando begjint swijt se.

Tilda Swinton spilet de haadpersoan. It ferhaal beslacht fjouwer iuwen. Orlando wurdt net âlder. Der is wol mear aparts: earst is Orlando in man, mar oan de ein is se in frou en se befalt fan in dochter. Krekt as de ôftiteling oer it grutte skerm rôlet, stammeret de frou mei de krollen, ‘Was dat het? Wat is het verhaal? Wat is de clue?!’

Wat is de klû? Dichters krije sa’n opmerking ek gauris foar de kiezzen. Wat bedoelst? Wat is it boadskip? Ik soe it net witte. Moat dat dan? De sealljochten knippe oan, it publyk komt oerein en ik haw dy rigel út in gedicht yn de holle, “Ik stean hjir inkeld mar om nei de wrâld te sjen en om it ljocht dat yn my skynt te dragen.”

(Tagelyk hear ik myn inerlike Wâldpyk roppen fan ‘do hoechst nét álles te witten!’, mar dat fenomeen litte we even gewurde.)

Wêr komt dy rigel wei? Ik ken it goed en werhelje it, preuveljend, oant ik thús bin. Ik ken it sa goed, it moat thús wol yn de kast stean. It is net pofferich bedoeld, mar dêr steane in soad bondels. Googelje helpt my net fierder, ik moat sykje – op ’e taast, side nei side. Is it fan Aggie? Fan Gysbert? Obe? Baukje? Nee. Ik wurkje der mar alfabetysk trochhinne.

Elske Kampen? Krekt as ik it opjaan sil, fyn ik in bondel dy’t efter de oaren skood is. Fansels, dêr stiet de rigel yn. Elske Kampen! It komt út it gedicht Lyts Fossyl en dat stiet (hast) hielendal efteroan. De bondel hjit, hoe kin it ek oars, “Man en Mem”.

LYTS FOSSYL

In lyts fossyl bin ik hjir wurden troch de tiid, mar
mei myn ljochtsjend each sjoch ik fan dei en nacht
en fan begjin en ein it kommen en it gean

Ik wit dat ik hjir hear, mar net werklik fiel ik dat ik
leef, want net gelokkich bin ik en net ûngelokkich,
mar ik haw my dellein by dit plak.

Ik bin in lytse werklikheid, fan mysels haw ik neat
yn my. Ik stean hjir inkeld mar om nei de wrâld
te sjen en om it ljocht dat yn my skynt te dragen.

(Elske Kampen, út de bondel Man en Mem, s. 55, Afûk, 2014)

maart 4, 2024 16:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.