Anne Dykstra: Tearing

maart 6, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (70)

Minsken dy’t geef Frysk prate hawwe faak mear each foar de ferpakking as foar de ynhâld. As ik tsjin sa’nien ‘Krij de tearing!’ sizze soe, is de kâns grut dat er sizze sil: ‘Dat moat tarring wêze, hear, tearing is gjin Frysk.’ Dan wurd ik hielendal poer. Mar hy hat fansels wol gelyk. Likegoed haw ik noch nea ien sizzen heard: ‘Krij de tarring!’ De rjocht-op-en-del Fries soe ik dêr grif ek net mei treffe, want dy hat neffens my gjin idee wat tarring is. De measten sille trouwens ek net witte wat tearing is.
Dochs liicht it der net om as men ien de tearing tawinsket. Tearing is nammentlik in foarm fan tuberkuloaze dy’t de pasjint hielendal úttart en sloopt, sadat der úteinlik neat fan him oerbliuwt. Tearing hat te krijen mei teren, lykas tarring mei tarre. It idee fan hieltyd minder wurde of ferdwine sit ek yn yntarre, úttarre en fertarre.

‘Krij de kleare!’ is in ferwinsking dêr’t de measten grif net fan yn ’e gaten hawwe hoe heftich oft dy is. Kleare komt fan goalera, in tige besmetlike sykte, dêr’t men slim fan spuie moat en bot fan yn ’e skiterij rekket. Dêr stoaren hjir earder hopen lju oan. Yn it etymologysk wurdboek van Van Dale wurdt it Nederlânske klere ek ôflaat fan cholera, mar der wurdt noch in tuskenstapke oannommen, nammentlik it Frânske colère (woede).
Yn it Frysk binne der noch mear ferbasteringen fan. It WFT jout by golera de foarmen koleare, keleare en kleare. De ferwinsking krij de kleare stiet net yn it WFT. Dy bin iksels ek nea op skrift tsjinkommen. Hoe’t dat komt? Faaks wurdt kleare as te Hollânsk oanfield en dêrom mijd. It tichtste by komt noch Ypk fan der Fear, dy’t yn har boek In earme swalker yn ’e wrâld (1988) de skoalmaster-dichter Salverda in brief lêze lit dêr’t út dúdlik wurdt dat se him wol slite wolle. “Miskien,” lit Fan der Fear Salverda tinke, “hiene hja de hoop, dat de koleare him mar fine mocht, mar sa goddeleas mocht er harren net achtsje.” It WFT jout in sitaat, in mûnlinge opjefte eins, dat kleare noch wat fierder yn ’e tiid weromset: ‘De kleare yn ‘e bitsjutting fan cholera, heard fan in âld minske to Grou’ [ca. 1940].

Takomme wike wer fierder.
maart 6, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martin VanDyk maart 6, 15:16

    Meie guon artikels oerset wurde yn it Ingelsk? Soms tik ik op myn holle.
    (Hoe skreau ik hjir?)

    Martin VanDyk ’49
    Immigrate ’52 to Canada

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.