Anne Dykstra: Kater

maart 20, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (72)

It wurd duvel lei lang in taboe op. It wie net fertroud om dat wurd út te sprekken, want de lju mienden dat de duvel ek echt kaam as men dy oanrôp. It wie dus feiliger om in plakferfangende term foar duvel te brûken. Yn it Nederlânsk is kater sa’n plakferfangend wurd foar duivel. Yn it Frysk is my dat net bekend, al komt kater yn dy betsjutting wol foar yn in rychje gearstallingen. Dit is de rispinge út it Omkearwurdboek van ‘e Fryske Taal: bliksekater, blikskater, blikstienkater, blindekater, blitsekater, dealekater, deksekater, divekater, donderkater. Guon dêrfan binne eins dûbeldop, want deale, dive(l) en donder steane ek foar duvel.

De duvel is fierder bekend ûnder de nammen Heintsjepik en Hantsjepik en Hantsje-om (omke Hantsje). In oare namme dy’t foar de duvel brûkt wurdt is Joast, mar dy komt eins allinne noch mar foar yn de útdrukking Joast mei it witte.

Dat al it ferkearde fan ’e duvel komt, wurdt moai dúdlik makke yn in rymke fan Windsma út 1846:

briek immen earne in earm of in skonk, men brocht it ûnk by Joast te honk.

maart 20, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap maart 20, 15:43

    Nijsgjirrich! Dat fan ‘Joast’ wist ik net.
    Wurdt ‘de âlde grouwe grize’ net ek wol sein? Of ‘de kweade’? Of ‘de drommel’?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.