Anne Dykstra: Goaien

maart 13, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (71)

In ferbastering fan God dy’t amper as sadanich weromkend wurde sil is goaien (útsprutsen as gwaaien of mei de oai fan goai). Gooi en gooiken komme oars yn it Nederlânsk ek as bastertflok foar. It WFT jout as farianten fan goaien de ferlytsjende foarm goaikes en it my ûnbekende guont. Guont kin neffens it WFT útsprutsen wurde as gwont of as gwant. Dy lêste útspraak liket my wat raar ta.

De Akkrumer doarpsdichter Willem Jehannes Koopmans brûkt wol in foarm mei in a: Goant noch en ta!, mar dat sil dochs wol mei de oa fan goai útsprutsen wêze? Koopmans jout ek noch in foarm goanten, dy’t yn it WFT net apart ferantwurde wurdt. By it artikel goaien mist yn it WFT de gearstalling hearegoaien, mar dy is dan ek mar ien kear opskreaun, sa’t it liket, en dan ek noch mear as hûndert jier lyn. Mei heare binne mear (bastert)flokken foarme, lykas hearegod, hearegodskes, hearegoede en hearejekes, dat fansels stiet foar hearejezus. It WFT hat ek hearegodswetter, dat is lykwols gjin flok, mar sloppe tee. Humoristysk, set it WFT derby, mar dat is fansels in kwestje fan smaak.

Oare wike woansdei wer fierder.
maart 13, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.