Anne Dykstra: Donder

maart 27, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (73)

Donder is in krachtterm en in bastertflok en boppedat in Hollanisme. Likegoed is it in populêr wurd yn it Frysk, it WFT brûkt der hast in heale side foar. As krachtterm kin donder in positive en in negative lading ha. It hinget fan it eigenskipswurd dat we derby brûke ôf hoe’t donder ynterpretearre wurdt.

Fan in bern kinne je sizze dat it in handige donder is en dan sil net ien freegje oft it ek wat minder kin. Likemin negatyf is it as je fan pake, dy’t de iene nei de oare krupsje oerlibbet, sizze dat it in sterke donder is. Dat is oars mei in smoarge luie donder. Troch de negative eigenskipswurden lui en smoarch kriget donder ek in negative ynterpretaasje.

Donder is ek in rûge oantsjutting foar it lichem, dy’t meast brûkt wurdt yn ’e kombinaasje op ’e donder krije of jaan. Donder kin ek sokssawat as duvel of drommel betsjutte. Bygelyks yn: Donder! Dit giet mis! O ja? Om ’e donder net! Wa’t earne absolút net om jout, kin dat ûndûbeldsinnich dúdlik meitsje troch te sizzen dat it him gjin donder skele kin. Hy kin der donder op sizze dat der dan gjin misbegryp is.

maart 27, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.