Doede Wiersma: De stille wurkers

maart 24, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn elk bestjoer sit wol ien heechmoedich persoan, mar ek altyd in stille wurker. Dy lêste is gjin muoite te folle om de saak foarút te helpen. Hy of sy knapt it smoarge wurk op, is dwaande om konflikten op te lossen. Hy of sy hat hert foar de saak en is as smaroalje yn in motor.

Troch op in ezel sitten te gean makket Jezus dúdlik dat Er tsjin grutskens en heechmoed is.
Yn de opfieding fan syn folk heart heechmoed ta de libbensstyl fan de nét-rjochtfeardige minske. De Preker hat dy opfieding goed begrepen: “De lankmoedige is better as de heechmoedige” (Preker 7:8).

De wize opfieders learden:
“As de heechmoed komt, komt de skande mei, mar by de dimmene minsken is wiisheid” (Spreuken 11:2).
“Untsach foar de Heare betsjut: it kweade haatsje: grutskens, heechmoed en de ferkearde wei” (8:13).
“Grutsken komt foar de ûndergong en heechmoed foar de fal” (16:18).
“Heechmoed makket in minske och sa lyts, mar de dimmenen sille eare behelje” (29:23).
Dat de rjochtfeardige te lijen hat fan heechmoedigen, lit de Bibel op hiel wat plakken sjen:
“De ligers sprekke op tsjin de rjochtfeardige: heechmoedich en ferachtlik” (Psalm 31:19).
Jezus komt nei Jeruzalem as it ideaal fan Israels opfieding: rjochtfeardich, wiis, dimmen, lankmoedich, minlik…

Op ’e fraach: “Wa mei de berch fan de Heare opgean?” wie it antwurd:
“Dy’t skjinne hannen hat en in suver hert,
dy’t syn sinnen net set op dingen fan neat” (Psalm 24:3 en 4).
As dy ideale leauwige giet Jezus de berch op nei Jeruzalem en de timpel.

Lêze: Matteüs 21:1-7

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Op de thússide: Pietro Lorenzetti (1280 – 1348), Yntocht yn Jeruzalem

maart 24, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.