Wêrom’t hieltyd minder auto’s en motoaren stellen wurde

Febrewaris 29, 2024 08:12 Fernijd

Al jierren rint it tal dieverijen fan auto’s en motoaren tebek. Begjin dit jier set dy trend ek troch. Stellen reau wurdt ek faker weromfûn. Yn dit artikel wurdt antwurd jûn op de fraach hoe’t dat kin. De dieverijsifers wurde byholden troch it Landelijk Informatiecentrum Voertuigcriminaliteit (LIV). Kriminelen namen yn jannewaris 624 auto’s en motoaren mei. Dat is tweintich persint minder as in jier earder.

Foto: pixabay.com

Mear kontrôle yn havens
As wichtichste oarsaak fan it ôfnimmen neamt it LIV de tanommen havenkontrôles. “Wat wy sjogge is dat in protte stellen auto’s yn in kontener ferstoppe wurde. Dêrnei wurde se mei in skip foaral nei Afrika brocht. Dêr hat de lêste twa jier in protte kontrôle op west”, seit Edwin Karelsen, direkteur fan Stichting Verzekeringsbureau Voertuigcriminaliteit (VbV).

Dêrnjonken is fan belang dat anty-dieverijsystemen hieltyd better wurde. Hieltyd mear reau hat folch- en weromfynprogrammatuer. Dêrtroch binne se makliker op te spoaren. Stellen auto’s en motoaren wurde dan ek faak yn minder as in dei weromfûn. It ôfrûne jier waard goed sechstich persint weromfûn, in rekôr. Dêrom hawwe dieven it dan ek hieltyd faker fersjoen op âldere modellen sûnder befeiliging. It LIV sjocht dat it tal stellen reauwen fan tweintich jier en âlder rap tanimt.

Kaaien mei sliepstân
Fierder spilet in rol dat fabrikanten fan auto’s dy’t in protte stellen waarden, oanpassingen trochfierd hawwe. Dat is bygelyks bard by de Toyota RAV4, de meast stellen auto fan 2023. It slagge dieven om fia de betriedding fan de koplampe sinjalen nei de sintrale kompjûter te stjoeren. Sa koene se auto’s ûntskoattelje. Toyota hat dat oanpast: dat is fuortdaliks yn de sifers werom te sjen.

Datselde jildt foar reau dat start sûnder dat de kaai yn it kontaktslot hoech. Sa’n kaai stjoert kontinu in sinjaal út en ûntskoattelet de auto sadree’t dy yn ’e buert is. Dieven witte dat sinjaal mei antennes op te pikken, en dêrnei kinne se op ôfstân de auto ûntskoattelje. In protte fabrikanten binne opholden mei dat soarte fan kaaien of hawwe in sliepstân tafoege. Dêrtroch kin it sinjaal net altyd mear oppikt wurde.

Febrewaris 29, 2024 08:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.