Wêrom? (gedicht)

febrewaris 24, 2024 10:00
Yn in argyf fûn Henk Hansma in gedicht út 1884 fan in him ûnbekende frou. Of soe it troch in man skreaun wêze? Fanwegen de ûnbekende beminden yn strofe 3 wie dit gedicht foar Falentynsdei ornearre, mar troch in misferstân is it doe net publisearre.
De stavering is oanpast oan dy fan no.

Foto: Wikipedia/sarefo – CC BY-SA 3.0

Wêrom hiest, doe’tst my just mar koeste,
(dy jûn, dy ferjit ik grif nea!)
fuort al fan leafde en minne sprutsen,
dy’t sterker wiene as de dea?

Wêrom hiest my ta ’t jawurd twongen,
dat ús, seisto, foar ivich bûn?
Wêrom hiest my fan trou ferhelle,
fan trou, dy’t by dy ‘nea ferdwûn’?

Wêrom kleist no dat ik gjin hert ha,
wylst’ dines (leau mar dat ’k it wit!)
aloan oan oare froulju weijoechst
en mannich faam no om dy lit? …

febrewaris 24, 2024 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.