Waarpraatsje: Woansdei drûch

febrewaris 6, 2024 17:53

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It binne skiere dagen en dêr komt foarearst gjin grutte feroaring yn. It waar bliuwt boppedat bot hinne en wer gean.

Tiisdeitenacht reint it in skoft. De wyn komt út it súdwesten en is frij krêftich oant krêftich, mar by de kust lâns hurd oant stoarmich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht rommet de wyn nei it noardwesten en jout him wat del. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Woansdei skynt de sinne sa út en troch en it bliuwt yn Fryslân, nei alle gedachten, drûch. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de noardlike kust lâns earst frij krêftich. It wurdt 6 graden.

Tongersdei en freed wurde wiete dagen.

Jan Brinksma

febrewaris 6, 2024 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.