Waarpraatsje: Twa wiete dagen

febrewaris 7, 2024 19:19

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze en rêstige woansdei krije wy no twa wiete dagen.

Woansdeitenacht kin der yn it Waadgebiet in bui falle, miskien wol mei heil. Boppe it fêstelân fan Fryslân bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. Der is net in soad wyn, mar yn it Waadgebiet stiet in matige wyn út it noardwesten. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tongersdei rekket de loft berûn en yn ‘e middei set it op in reinen, mar der kin ek in skoft wiete snie falle. Yn ‘e moarntiid komt de swakke oant matige wyn út it easten oant súdeasten, mar yn ‘e middei is de wyn east en wurdt er matich, boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. Mei 2 graden sil it in skrouske dei wêze.

Freed reint it omraak en it is dan wer tige myld.

Jan Brinksma

febrewaris 7, 2024 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.