Waarpraatsje: Twa wiete dagen

febrewaris 20, 2024 18:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – As wy de sellemoanne oant no ta koart gearfetsje, dan kinne wy dat in trije wurden dwaan. Wiet, skier en myld. Woansdei en tongersdei binne wer twa fan sokke dagen.

Tiisdeitenacht (sto)reint it sa út en troch. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns earst frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

Woansdei sil wer in skiere dei wurde en yn ‘e middei set it wer op in reinen. Dat reinen kin in hiel skoft duorje. Yn ‘e moarntiid is de sudewyn matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Yn ‘e middei boazet de sudewyn noch wat oan en by de kust lâns komt de wyn dan út it súdwesten. It wurdt in graad of 9.

It waar foar tongersdei sjocht der striemin út. It wurdt in hiel wiete en rûge dei.

Jan Brinksma

febrewaris 20, 2024 18:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.