Waarpraatsje: Tiisdei net hielendal drûch

febrewaris 12, 2024 17:53

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze moandei sjocht it waar der foar tiisdei yn Fryslân suterich út.

Moandeitenacht kin it op guon plakken opklearje en it bliuwt drûch. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Tiisdei liket in skiere dei te wurden mei sa út en troch wat (sto)rein. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar earst sa út en troch noch frij krêftich. It wurdt 8 graden.

Woansdei, tongersdei en freed wurde wiete, mar ek hiel mylde dagen.

Jan Brinksma

febrewaris 12, 2024 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.