Waarpraatsje: Reinige woansdei

febrewaris 13, 2024 19:48

Jiskenhuzen. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau tiisdei hast de hiele dei drûch en dat wie in tafaller. It waar foar woansdei sjocht der wol wiet út.

Tiisdeitenacht sil it in skoft (sto)reine. De matige, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftige oant krêftige wyn, komt earst út it suden mar rommet letter nei it súdwesten. It wurdt 6 graden.

Woansdei is de safolste skiere dei en it (sto)reint in hiel skoft. Letter kin it sels noch wat hurder reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei 10 graden is it myld foar de tiid fan it jier.

Tongersdei wurdt it noch wat waarmer.

Jan Brinksma

febrewaris 13, 2024 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.