Waarpraatsje: Myld wykein

febrewaris 9, 2024 18:58

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde tongersdei mei wiete snie en rein, waard it freed wer in hiel stik mylder. It wykein sjocht der myld en skier út en it bliuwt ek net hielendal drûch.

Sneon kin der in bui falle, mar in glimp fan ‘e sinne is net hielendal útsletten. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar is wat mear wyn út it suden oant súdeasten, letter út it easten. It wurdt 10 graden.

Snein is der ek kâns op wat rein of in bui. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn sil it wer in graad of 10 wêze.

Moandei liket it, sa goed as, drûch te bliuwen en de kâns op wat sinne is in bytsje grutter. De súdwestewyn is matich en mei 8 graden bliuwt it oan ‘e mylde kant.

Jan Brinksma

febrewaris 9, 2024 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.