Waarpraatsje: Freed ek net drûch

febrewaris 8, 2024 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau tongersdei lang drûch, mar lang om let sette it dochs op in reinen mei op in soad plakken ek in skoft wiete snie. Freed reint it earst, mar letter knapt it waar wat op.

Tongersdeitenacht sil it reine en der kin ek noch wiete snie falle. De wyn komt út it easten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Freed kin it earst noch reine, mar letter wurdt it drûch, útsein in bui dy’t noch falle kin. De sinne sil boppedat ek sa út en troch skine. De sudewyn is matich, mar by de kust lâns earst noch frij krêftich. Mei 10 graden is it wer in hiel stik mylder as tongersdei.

Yn it wykein is it ek myld mei wat delslach, mar ferreinde dagen wurde it net.

Jan Brinksma

febrewaris 8, 2024 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.