Waarpraatsje: Efkes skoft

febrewaris 19, 2024 18:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze sneon en in wol hiel wiete en folslein ferreinde snein hâldt it ritige waar no efkes twa dagen skoft. Moandei bleau is, sa goed as, drûch en it waar foar tiisdei sjocht der ek net min út.

Moandeitenacht is it drûch. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it westen. It wurdt 5 graden.

Tiisdei kin de sinne earst skine, mar de loft rekket al gau wer berûn en letter yn ‘e middei soe der wat rein falle kinne. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 10 graden.

Woansdei en tongersdei wurde wer twa wiete dagen.

Jan Brinksma

febrewaris 19, 2024 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.