Waarpraatsje: De gerdinen bliuwe ticht

febrewaris 15, 2024 17:30 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is de lêste dagen hiel ferfeelsum waar en wy hawwe de sinne al hiel lang net mear mei oertsjûging sjoen. It bliuwt foarearst ek skier.

Tongersdeitenacht is it drûch en by in matige sudewyn wurdt it 10 graden.

Freedtemoarn is der kâns op in bui en hiel miskien sjogge wy de sinne efkes. Yn ‘e middei reint it wer in skoft. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn ‘e middei rommet de wyn nei it westen. Mei 11 of 12 graden is it wer in hiel mylde dei.

Yn it wykein hâldt it ritige waar oan.

Jan Brinksma

febrewaris 15, 2024 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.