Utstel foar nij guozzebelied yn Fryslân: ‘Goes yn balâns’

febrewaris 12, 2024 08:14 Fernijd

It hjoeddeiske guozzebelied yn Fryslân is oan fernijing ta. It kolleezje fan Deputearre Steaten advisearreet Provinsjale Steaten om te kiezen foar it senario ‘Goes yn balâns’. It doel fan dat senario is om balâns te krijen tusken oan ’e iene kant de skea dy’t guozzen alle jierren oan greiden feroarsaakje, safolle mooglik te beheinen en te bestriden en oan ’e oare kant it beskermjen fan guozzen.

Foto: Provinsje Fryslân

It kolleezje wol aktyf oan ’e slach mei it ferminderjen fan skea oan gers. Yntusken leit der ek in grutte opjefte as it giet om it beskermjen fan guozzen en greidefûgels. Mei it senario ‘Goes yn balâns’ wol it kolleezje de Faunabehearienheid (FBE) en oanbelangjende gebietspartijen mear regy jaan om sels foar elk gebiet ta in oanpak te kommen. It wol ek romte jaan om fia proeven en mei stipe fan in guozzekoördinator by de FBE, te ûndersykjen hokker wurkwize goed helpt om skea oan gers foar te kommen. Dêr kinne de partijen ek de effekten fan sa’n gebietsoanpak mei yn byld bringe, bygelyks oft de guozzen earder fuortgeane nei briedgebieten of op oare tiden om fretten sykje. Mar ek it effekt dat ferjeien fan guozzen op greidefûgels hat.

Nij yn it senario is dat der ek yn oktober foerazjeargebiet (dêr’t guozzen frette) komt, dêr’t boeren op oanfraach in temjittekomming yn skea krije kinne. De skea troch it fretten fan trekguozzen lykas de paugoes en kolgoes, en harren oantallen binne de lêste jierren frij stabyl. Mar de skea fan guozzen dy’t it hiele jier troch hjir binne, benammen de skiere goes, nimt krekt ta. Yn ferliking mei it hjoeddeistige belied wurdt de skea troch dy guozzen dêrom steviger oanpakt.

Hegere kosten
De kosten foar de kompensaasje fan skea oan gers rinne noch hieltyd op. Dat komt troch hegere prizen foar ferfangend foer foar fee. Deputearre Matthijs de Vries: “It bedrach dat alle jierren útkeard wurdt as temjittekomming yn de skea dy’t guozzen feroarsaakje is de ôfrûne jierren bot omheech gien: fan in bedrach fan 8,5 miljoen euro yn 2018 nei 12,6 miljoen yn 2023. Wy sille dêr mei it Ryk oer yn petear.”

Advys
Der wie in regygroep mei fertsjintwurdigers fan lânbou- en natuerpartijen, dy’t de provinsje advisearre oer it nije belied. “Wy achtsje de advizen en ynsichten fan de oanbelangjende partijen fan grut belang. De regygroep, klankboerdgroep en de Provinsjale Kommisje Lanlik Gebiet hawwe ús advisearre en sa binne wy ta trije senario’s kommen. Wy advisearje de Steaten om te kiezen foar it senario ‘Goes yn balâns’. Dat leit ticht by it advys fan de regygroep en is juridysk mooglik en goed te ferantwurdzjen as it giet om it heljen fan de needsaaklike doelen en de kosten dy’t dat meibringt”, jout deputearre De Vries oan.

Provinsjale Steaten nimme op 20 maart in beslút oer it nije guozzebelied. It giet om haadlinen en ramten, dy’t DS dêrnei fierder útwurket. It kolleezje leit njonken senario ‘Goes yn balâns’ noch twa oare senario’s foar: it folsleine advys fan de regygroep en in senario dat basearre is op de basisbetingsten dy’t PS oan it belied stelt. It senario ‘Goes yn balâns’ sil likernôch 1,1 miljoen euro yn ’t jier ekstra kostje yn ferliking mei it hjoeddeistige belied.

febrewaris 12, 2024 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.