Utstalle yn it lyts yn Natuermuseum Fryslân

febrewaris 17, 2024 08:20 Fernijd

Yn ’e krookjefakânsje kinne bern oan ’e slach mei mijn miNiATUUR museum. Fan it monumintale Nije Stedsweeshûs dêr’t it museum yn fêstige is, is in bouplaat makke. Dêr kinne bern thús harren eigen samling op útstalle. Mar foar’t it safier is, kinne se yn ’e krookjefakânsje ûntdekke hoe’t se dat it bêste oanpakke kinne.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Bern sammelje faak fan alles, lykas skulpen, stiennen en dino’s. Yn it ferline waard ek sammele. Ut dy samlingen ûntstiene musea. De kolleksje fan it Natuermuseum Fryslân begûn bygelyks mei de priveesamling fan Gerrit Fûgeltsje Bosch, dy’t út 150 opsette fûgels, hûndert fûgelhûden, in samling aaien en in stikmannich sûchbisten bestie. Hûndert jier letter telt de kolleksje sa’n 350.000 natuerhistoaryske objekten.

As se it museum ynkomme, krije bern in bouplaat. De earste stap is om dy út te knippen en yn te kleurjen. Dêrnei komme se fia in rûte by ferskate aktiviteiten del dy’t te krijen hawwe mei de ynrjochting fan en presintaasje yn it museum. Se sille bygelyks in minywalfisk fan klaai, in ôfdruk fan in ammonyt of in ladekastke fan in blokje hout meitsje. Oan ’e ein fan de rûte kinne se it minymuseum yninoar sette.

Wurkateliers
Yn ’e krookjefakânsje kinne bern yn wurkateliers noch mear mei harren minymuseum dwaan. De konservator fertelt bygelyks hoe’t in kolleksje ta stân komt en hoe’t dy beheard wurde moat. Se leare hoe’t in útstalling makke wurdt en hoe’t y mei in moaie poster bekend makke wurdt. Troch dy wurkateliers leare bern wat der by it sammeljen, behearen en útstallen fan in kolleksje allegearre oan te pas komt en op hokker manier it ferhaal fan in samling ferteld wurdt.

It is de bedoeling dat bern der thús fierder mei oan ’e slach geane. It wichtichste is fansels dat harren eigen kolleksje skulpen, stiennen of dino’s in moai plak yn it minymuseum krije. Se kinne in foto fan it einresultaat opstjoere, dy’t yn ’e digitale ynspiraasjesône op ’e webside pleatst wurdt. Dêr kinne oare bern ideeën opdwaan.

Krookjefakânsje
De krookjefakânsje duorret fan 17 o/m 25 febrewaris. Yn dy perioade is it museum alle dagen fan 10.00 oant 17.00 oere iepen, dus ek op moandei. Fan tiisdei 20 febrewaris o/m freed 23 febrewaris jildt de aksje ‘Help pake en beppe de fakânsje troch’. Bern krije dy dagen op fertoan fan pake of beppe (of oare folwoeksenen) fergees tagong. Nei de krookjefakânsje sil mijn miNiATUUR museum yn ’e museumwinkel foar in lyts bedrach te keap wêze.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.natuurmuseumfryslan.nl.

febrewaris 17, 2024 08:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.