Undersyk: Bioferskaat Fryslân leit 3% ûnder lanlike trochsneed

febrewaris 9, 2024 08:15

De Fryske natuer hat in protte te bieden. Yn ’e provinsje fynt men nammentlik sa’n 37 unike soarten bisten, beammen, blommen en poddestuollen op in kante kilometer. Dat ferskaat oan soarten leit lykwols 3% ûnder de lanlike trochsneed fan 38 unike soarten op in kante kilometer. Dat docht bliken út ûndersyk fan thússtúdzjeplatfoarm Laudius op basis fan goed 75 miljoen waarnimmingen fan de Global Biodiversity Information Facility.

Muskusrôt (foto: pixabay.com)

Fan flinters oant krêftige iken en fan kleurrike blommen oant poddestuollen: Fryslân biedt in bioferskaat oan floara en fauna. Om de hoemannichte soarten op gemeentlik nivo te ferlykjen, is ek it oantal registrearre unike soarten fan de ôfrûne santich jier op in kante kilometer yn in gemeente berekkene.

Fryske gemeenten mei it heechste bioferskaat
De Fryske gemeenten mei it heechste bioferskaat binne It Hearrenfean en Skylge. Op in kante kilometer binne dêr 52 unike soarten te finen. De top fiif fan gemeenten yn Fryslân mei de measte ferskillende bisten, planten, beammen en poddestuollen is:

  1. It Hearrenfean: 52 soarten op in kante kilometer;
  2. Skylge: 52 soarten op in kante kilometer;
  3. Weststellingwerf: 51 soarten op in kante kilometer;
  4. It Amelân: 48 soarten op in kante kilometer;
  5. Smellingerlân: 48 soarten op in kante kilometer.

Strânljip (foto: pixabay.com)

Dizze soarten waarden it faakst waarnommen yn Fryslân
In strânljip as favorite fûgel? Yn Fryslân hat men de grutste kâns om der ien te sjen. De ôfrûne santich jier waard dy fûgel 715.519 kear yn Fryslân sjoen: yn gjin inkelde oare provinsje lei it tal sa heech. De mûzefalk (42.189) en muskusrôt (42.082) waarden yn Fryslân ek it faakst waarnommen. planten dy’t faak sjoen wurde yn Fryslân binne reid en fioringers. Kwa poddestuollen en skimmels docht grut iermoas it goed yn Fryslân. Dat waard de ôfrûne santich jier 1.480 kear waarnommen.

Yn Nederlân steane goed njoggentich fûgels op ’e reade list fan bedrige soarten. Soms binne dy dochs noch sjoen. Wol men sa’n amper foarkommende fûgel sjen, dan hat men yn Fryslân de measte kâns yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Mear ynformaasje oer de regionale ferskillen en de meast waarnommen bisten, planten, beammen en poddestuollen yn Nederlân is te finen op de ûndersyksside.

Foto: pixabay.com

Undersyksmetoade
Fanwegen de sterk tanommen belangstelling foar bioferskaat, analysearre Laudius hast 75 miljoen waarnimmingen út de perioade 1946-2022. De data binne foar it grutste part ôfkomstich fan de Global Biodiversity Information Facility (GBIF), in ynternasjonaal netwurk en ûndersyksynfrastruktuer, dy’t gegevens oer it wrâldwide bioferskaat foar wittenskiplik ûndersyk, beliedsfoarming en ûnderwiis beskikber stelt.

De ynformaasje yn de GBIF-databank is ôfkomstich fan withoefolle boarnen oer de hiele wrâld lykas musea, ûndersyksynstellingen, oerheidsorganisaasjes en priveekolleksjes. Dy gegevens omfiemje bygelyks ynformaasje oer de fersprieding fan soarten, biologyske eigenskippen, en ekologyske relaasjes. Foar Nederlân giet it om 328 ferskillende datasets. Dêrneist binne databoarnen lykas Waarneming.nl, Nederlandsesoorten.nl en soartelisten fan de Flinterstifting en Fûgelbeskerming brûkt.

febrewaris 9, 2024 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.