Tiid om stinzeplanten te bewûnderjen

febrewaris 7, 2024 10:49

Skierstins, Feanwâlden, liderkes en krookjes.
(Foto © Harm Woelinga)

De earste ayttablomkes (winterakonieten), liderkes (snieklokjes) en krookjes binne al útkommen, dat foar It Fryske Gea is it tiid om it ‘griene erfskip’ fan tunen en parken wer ûnder it omtinken fan it publyk te bringen. Fan 10 febrewaris ôf is op www.stinzenflora-monitor.nl in oersjoch te finen fan de plakken yn Fryslân, Grinslân en Noardwest-Dútslân dêr’t bloeiende stinzeplanten te sjen binne.

De namme stinzeplant is yn Feanwâlden ûntstien. Dêr, by de Skierstins, bloeit al iuwen in grut ferskaat oan stinzeblomkes: net allinne liderkes en krookjes, mar ek bysûndere soarten lykas de holwoartel, ljippeblom, easterske stjerhyasint, dichterstitelroas en it Haarlims klokkespul.

Epemastate, Ysbrechtum, de bosktulp yn bloei
(Foto © Stinze-Stiens)

De stinzeplanten binne te tankjen oan de eardere bewenners fan de stinzen. Doe’t yn de achttjinde iuw tunen yn Ingelske lânskipsstyl yn ’e moade kamen, setten planten en bollen út Súd-Europa, dy’t al yn de iere maitiid yn ’e bloei stiene.

De stinzeplanten bloeie net oeral tagelyk. Dat hinget ûnder mear fan de grûnsoarte ôf. De stinzefloaramonitor jout fan begjin febrewaris oant mids maaie in oersjoch fan de soarten, de bloeitiden en wêr’t se te finen binne. Sûnt dit jier is Epemastate yn Ysbrechtum der ek alle wiken op te finen. Dêr bloeie de ayttablomkes en de krookjes al ier. Letter binne dêr it flekkerich longkrûd en de bosktulpen yn folle pracht te sjen.

Oan de stinzefloaramonitor wurkje ferskillende eigeners en behearders fan tunen en parken mei, sadat der ynformaasje oer fyftjin lokaasjes jûn wurdt. Alle wiken sette frijwilligers der foto’s en bloeigegevens op, dat besikers kinne mei aktuele gegevens op wei gean om fan de floara te genietsjen yn:

  • Fryslân: Martenastate, Koarnjum; Jongemastate, Raerd; Dekemastate, Jelsum; Skierstins, Feanwâlden; Martenatún, Frjentsjer; Stinze Stiens, Stiens; Philippusfenne, Kollum; Harstastate, Hegebeintum; Epemastate, Ysbrechtum.
  • Grinslân: Domies Toen, Pieterburen; Menkemaborg, Uithuizen; Ennemaborg, Midwolda; Fraeylemaborg, Slochteren.
  • Dútslân: Schloss Evenburg, Leer; Lüttetsburger Wasserschloss, Oldenburg.
febrewaris 7, 2024 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.