Test mei djoere raket fan Britske ûnderseeër ôf mislearre

febrewaris 22, 2024 08:16 Fernijd

Foar de eastkust fan de Feriene Steaten is in test mei in raketlansearring fan in Britske nukleêre ûnderseeër ôf misgien. Troch in steuring foel it projektyl yn see werom, net fier fan de ûnderseeër ôf. Neffens Britske media waard de raket ein jannewaris fan de HMS Vanguard, ien fan de nukleêre ûnderseeërs fan it Britske leger, ôfsketten. Dy lei foar de test foar de kust fan Floarida.

Foto: Britske ministearje fan Definsje

De raket hie eins tûzenen kilometers fleane moatten en delkomme moatten yn ’e Atlantyske Oseaan tusken Brazilië en West-Afrika. Wêrom’t de test krekt mislearre, bliuwt topgeheim, mar neffens de Britske krante The Sun gie der wat ferkeard mei de oandriuwers, krekt nei’t de raket út it wetter kommen wie. De krante berjochtet fierder dat it al de twadde kear is dat in testlansearring mei sa’n selde raket mislearre is. De foarige test wie jierren lyn, yn 2016. Testlansearringen mei de Trident-raket wurde komselden útfierd, om’t oan eltse raket in priiskaartsje fan omrekkene hast tweintich miljoen euro hinget.

Trident is de namme fan it Britske kearnwapensysteem en omfettet ûnderseeërs, mei raketten en kearnkoppen dy’t fan de ûnderseeërs ôf ôffjurre wurde kinne. De raketten dy’t by de testen brûkt waarden, wiene net mei in nukleêre lading útrist. In boarne seit tsjin Sky News dat de lansearring wol suksesfol west hie as dy wol mei in kearnkop útfierd wêze soe.

Britske media neame de ynsidinten tige beskamjend foar sawol it Feriene Keninkryk as de Amerikaanske fabrikant fan de raketten. Yn in ferklearring jout it Britske ministearje fan Definsje ta dat by de resinte lansearring wat misgien is. It heakket der lykwols wol oan ta dat de test “de effektiviteit fan de nukleêre ôfskrikking fan it Feriene Keninkryk fannijs befêstige hat”. Neffens Definsje hawwe mei it Trident-wapensysteem ûnderwilens sa’n 190 testen wol suksesfol west.

febrewaris 22, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.