Stedsdichter Marrit Jellema stelt har foar yn fideo

febrewaris 18, 2024 08:16 Fernijd

Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnommen dêr’t se it gedicht ‘Geen ode zonder pijn’ yn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert.

Marrit Jellema fertelt ek wat se as Stedsdichter berikke wol. Hja wol yn kontakt mei alle doarpen en wiken en op dy wize poëzij yn de hiele gemeente Ljouwert ta libben bringe. By offisjele gelegenheden draacht se ek in eigen gedicht foar. Gjin oade sûnder pine, de titel seit it al, is in oade oan Ljouwert dy’t ek de tsjustere kanten fan de stêd net út ’e wei giet. It binne twa persoanlike momintopnamen, de earste doe’t Marrit Jellema santjin jier wie en de twadde yn ’e âldens fan 21 jier.

De fideo, makke troch Jeroen van de Bovenkamp en Annelies Visser, is te besjen op de webside www.leeuwarden.nl/stadsdichter en fia de sosjalemediakanalen fan de gemeente.

Wa is Marrit Jellema?
Marrit Jellema is skriuwer, sprutsen wurd-artyst en dichter. Op 30 jannewaris lêstlyn waard se útroppen ta stedsdichter fan de gemeente Ljouwert. Dat is se oant jannewaris 2026. Yn 2019 wûn se in Spoken Award yn ’e kategory ‘teksten’. Yn juny 2021 kaam har sprutsen wurd-debútalbum superpersoonlijk út en yn septimber 2021 stie se yn ’e finale fan it NK Poetryslam. Begjin 2023 kaam har twadde album út, mei de titel Voor Altijd. Fan april 2021 oant febrewaris 2023 folge se it Urban Arts Talent-trajekt fan it fûns foar kultuerpartisipaasje om harsels as artyst fierder te ûntwikkeljen. Hja jout geregeld wurkateliers poëzy en sprutsen wurd, organisearret mei Explore the North en City of Literature Ljouwert it sprutsen wurd-evenemint Hoge Woorden en stiet op poadia troch hiel Nederlân.

Besjoch de fideo:

febrewaris 18, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.