Skotske bern ferkenne mei in boek harren rjochten yn it Gaelysk

febrewaris 18, 2024 08:16

It boek Let’s explore our rights, yn it Gaelysk A’ Coimhead air ar Còraichean, yllustrearre troch Corinna Campbell út Inverness, nimt jonge bern mei op in reis om rjochten te ûntdekken. Bygelyks it hawwen fan in feilich hûs, it rjocht om sûn te wêzen, te learen en te boartsjen, en befettet ikoanyske Skotske attraksjes, lykas Edinburgh Castle, Glasgow’s Clydeside en Tarbat Ness-fjoertoer deunby Tain, Inverness-shire.

Boarne: Children’s & Young People’s Commissioner Scotland

It boek is ornearre foar bern oant en mei fiif jier. In audio- en fideoferzje is opnommen troch learling Mirabelle fan Bun-sgoil Taobh na Pàirce. De 10-jierrige seit: “It wie moai om de kâns te krijen it boek foar minsken foar te lêzen. It is goed om it yn it Gaelysk en yn it Ingelsk te hawwen, sadat we yn beide talen leare kinne. Ik fyn it aardich dat Rights Rabbit ek yn it Gaelysk wurket: Coineanach nan Chòraichean!”

De Skotske kommissaris foar bern en jongelju Nicola Killean seit: “Let’s explore our rights leit op in begryplike manier oan jonge bern út wat rjochten binne en wêrom’t se wichtich binne. It boek is earder al publisearre en wy binne tige wiis mei de Gaelyske edysje. Alle bern moatte tagong hawwe ta ynformaasje yn harren eigen taal en dit boek sil minsken yn ’e praktyk helpe om de earste petearen – yn it Gaelysk – oer minskerjochten mei jonge bern te fieren.”

It kantoar fan de kommissaris jout de Gaelyske edysje fan it boek oan alle Gaelyske basisskoallen yn Skotlân en hat in ekstra foarried lizzen. It boek is makke yn it Ingelsk en yn braille en der binne audioferzjes online beskikber. In eksimplaar fan de Ingelske ferzje fan it boek is oan alle pleatslike berne-opfangen yn Skotlân jûn en der is in ekstra foarried foar gastâlden en oare bernedeiferbliuwen.

febrewaris 18, 2024 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.