Saskia Egtberts sjongt Sonneveld op 8 maart yn Doarpstsjerke Huzum

febrewaris 20, 2024 08:08 Fernijd

Yn it Amsterdamske Carré waard yn 2017 de 100e bertedei fan Wim Sonneveld betocht en fierd. Yn de Doarpstsjerke Huzum wurdt op freedtejûn 8 maart syn 50e stjerdei betocht.

Saskia Egtberts (foto: Peggy de Haan)

Sjongeres Saskia Egtberts út Amsterdam bringt dan, begelaat troch toppianist Bouwe Bruins, in muzikale reis troch it libben fan Wim Sonneveld, ien fan de grutste artysten dy’t Nederlân kend hat. Njonken bekende lietsjes as ‘Margootje’ en ‘Het Dorp’ komme folle minder bekende ferskes foarby. Der wurde ek útstapkes makke nei lietsjes fan minsken dy’t yn Sonneveld’s libben fan grutte betsjutting west hawwe. Tink oan û.o. Louis Davids, Conny Stuart en Annie M.G. Schmidt.

Saskia Egtberts en Bouwe Bruins ûntwikkelen ûnder rezjy fan Herman van Veen in programma oer Sonneveld, dat ek fia NPO 4 útstjoerd is. Hja bouwe dat no fanwege Sonnevelds 50e stjerdei út ta in jûnfoljende foarstelling foar ien kear, dêr’t nostalgyfans royaal oan har trekken by komme. Minsken dy’t Sonneveld net ‘live’ meimakke hawwe, sille it nei alle gedachten ek nijsgjirrich fine.

Rients Gratama syn widdo Carla van der Heijde fersoarget in yntermezzo dêr’t se yn ferteld oer de bysûndere fol fan Sonneveld by Gratama’s lanlike trochbraak. Om’t de jûn in hichtepunt wurdt by it tsienjierrich jubileum fan de Doarpstsjerke as kultuerpoadium, wurdt oanret om op ’e tiid in kaartsje te boeken.

Saskia Egtberts is sûnt har ôfstudearjen oan de Frank Sanders Academie voor musicaltheater yn Amsterdam mei in soad wille wurksum as profesjoneel (stim)aktrise/sjongeres/dosinte en teätermakster. Bouwe Bruins studearre ôf oan it ArtEZ-konservatoarium yn Swol (piano, jazz & pop). Njonken syn talleaze fariearre optredens is er ek dosint en komponist.

Doarpstsjerke Huzum (foto: © Jan de Vries)

Saskia sjongt Sonneveld
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Freed 8 maart om 20.00 oere.

De tagongspriis is € 9,90. It is oan te rieden om de tagongskaarten fan tefoaren digitaal te reservearjen fia it Ticketkantoor. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.saskiaegtberts.com.

febrewaris 20, 2024 08:08 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.