Ried fan de Fryske Beweging wol yn petear mei ING oer meiwurkers dy’t gjin Frysk prate meie

febrewaris 7, 2024 08:10

Foto: It Nijs

De Ried fan de Fryske Beweging is bot skrokken fan it berjocht dat meiwurkers fan de ING Bank gjin Frysk prate meie soene oan de telefoan tsjin klanten. De Ried hat sels in rekken by ING en wit dat de bank graach maatskiplik belutsen wêze wol. De Ried wol dêrom yn petear mei de bank oer syn hâlding tsjin de Fryske taal oer om opheldering te krijen oer it foarfal en misferstannen de wrâld út te helpen. 

It nijs kaam oan it ljocht nei oanlieding fan in melding fan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra, in klant fan ING. Dijkstra spruts oan de telefoan mei in meiwurker fan ING dy’t wol Frysktalich is, mar dat fan de bank net prate mocht. Neffens de bank hat dat te krijen mei de technology dy’t brûkt wurdt om petearen fan meiwurkers te analysearjen.

“In bank dy’t der foar elkenien is, soe der ek foar de Friezen wêze moatte. It is ûnbesteanber dat twa Friezen ûnderling gjin Frysk prate meie,” lit bestjoerslid Pieter de Zwart út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging witte. Neffens de Ried meie technologyske beheiningen it rjocht om Frysk te praten net yn de wei stean. “Wy tinke graach mei ING mei oer hoe’t sy dat oplosse kinne. Dêrom hawwe wy de bank fia in brief benadere om yn petear te gean.”

De Ried fan de Fryske Beweging giet derfan út dat ING ree is om yn petear te gean. En as dat net sa is? “Dan sille wy ús nochris beriede oer wat wy mei ús rekken by de bank dogge, mar lit ús earst it goede petear mar ris oangean”, sa seit De Zwart.

 

febrewaris 7, 2024 08:10
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Jan A. Schulp febrewaris 7, 15:23

    As ik noch in rekken hie by de ING soe ik dy fuortendaliks opsizze. Mar ik ha al mear ellinde mei ING hawn, dus ik bin al fuort.

  2. Romke Kroondijk febrewaris 7, 16:03

    As ik nei de RABO in tillefoantsje pleegje dan krij ik der grif in meiwurker foar dy’t net Frysk ferstiet. As ik freechje wer at hij/sij dan wennet is it meastal Brabân of Seelân.

  3. S. Steendam febrewaris 7, 19:01

    Ik wachtsje op de útslach fan it petear foar ik in beslút nim oer in oerstappen nei in oare bank.

  4. Jehannes Elzinga febrewaris 8, 18:20

    Faaks kin it helpe as Sis Tsiis in demonstraasje organisearret by it ING kantoar yn Ljouwert en dêr in petysje oanbiedt tsjin harren Frysk fijannige belied. Ik bin sels ek al sûnt myn studintetiid klant by ING en krige yn it ferline by de klante-service yn Ljouwert faak wol in Fryskpratende meiwurker oan de telefoan. Mar as dat no feroare is, bin ik fêst fan doel en sis myn ING rekken op.

  5. H. febrewaris 8, 19:02

    Yn de “Orange Code” steane “Onze drie waarden” fan de ING. Dêr stiet yn: “We bevorderen alle vormen van diversiteit, niet alleen omdat dit juist is, maar ook omdat mensen met andere achtergronden en manieren van denken met nieuwe ideeën komen.”

  6. Cor Jousma febrewaris 9, 12:24

    Yn in tiid dêr’t alles suver woke is, moat de reaksje fan H. de ING yn ‘e cancel-hoeke bringe kinne! Dêrom hâld ik ek net fan woke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.