Residinsje Pilar Mata Dupont en Erika Roux yn Keunsthûs SYB

febrewaris 28, 2024 08:17 Fernijd

De keunstners Pilar Mata Dupont en Erika Roux hâlde sûnt 12 febrewaris oant en mei 24 maart 2024 residinsje yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. Dat dogge se ûnder de titel Floodland: Research foar a Dutch western.

Pilar Mata Dupont and Erika Roux, testopname by de Waadsee (boarne: Keunsthûs SYB)

Mei dy residinsje bringe de froulju Mata Dupont en Roux harren ferskillende wurkwizen fan filmmeitsjen en ûndersykjen byinoar om har te ferdjipjen yn in dielde ynteresse yn it ferkennen fan driuwende ideeën oer it Nederlânske en Fryske antwurd op klimaatferoaring en seespegelstiging. Harren fokus leit op it ûntraffeljen fan nasjonale myten en politike ferhalen oer wetterbehear. Yn harren residinsje stelle de beide froulju it Fryske lânskip foar as dekôr foar in westernfilm. Hja ûndersykje hoe’t it wide en wetterrike lânskip in set wêze kin foar in nije film mei de titel The Polder Western.

Foar harren is it projekt ûnderdiel fan in langer rinnend ûndersyk nei hoe’t it sjenre fan de westernfilm en de problematyk fan de stigende wetterspegel yn it artistike domein oanpakt wurde kinne. De residinsje wurdt ôfsletten mei in publike presintaasje op sneon 23 maart 2024.

Oer de keunstners
Mei in frij yntuïtive, doch-it-sels en yntime oanpak fan fideo en filmmeitsjen lavearret it wurk fan Erika Roux faak tusken it kritysk potinsjeel fan fiksje en neispyljen en de kompleksiteit fan dokumintêr materiaal. De Latina keunstner Pilar Mata Dupont brûkt tydlike strategyen fan beweging, fragmintaasje en dislokaasje om har te ferdjipjen yn de feroarlikens fan ferhalen oer skiednis en oantinkens. Dêr docht se djipgeand ûndersyk by nei it ûntstean fan fertelde skiednissen en harren net-fertelde tsjinhingers.

Hjir is mear te lêzen oer de keunstners en harren residinsje.

Algemiene ynformaasje residinsje
Residinsje: fan 12 febrewaris o/m 24 maart 2024;
Publike presintaasje: sneon 23 maart 2024.

febrewaris 28, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.