Prinsessehof iepenet nije útstalling ‘Porseleinkoorts’ mei fergees iepeningsfeest

febrewaris 26, 2024 08:18 Fernijd

Op sneon 2 maart iepenet Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert de útstalling Porseleinkoorts: het witte goud van Augustus de Sterke en Madame de Pompadour. Om dat te fieren is it museum op dy earste dei fan de eksposysje fergees iepen. Der is in feestlik iepeningsprogramma mei ferskate aktiviteiten.

Kampanjebyld ‘Porseleinkoorts’ (byld: Prinsessehof Ljouwert)

Foto: Ruben van Vliet

Men kin de útstalling sels ûntdekke, of mei in museumgids meirinne yn in rûnlieding. Der is livemuzyk fan it TOK! Kwartet, ynspirearre op de achttjinde iuw en de útstalling. En men kin sels de hannen út ’e mouwen stekke en oan ’e slach mei it beskilderjen fan keramyk yn it Klaaikafee. Fan 11.00 oant 17.00 oere is it museum fergees tagonklik, en alle aktiviteiten binne ek fergees. Fia www.princessehof.nl/porseleinkoorts binne tagongskaartsjes te reservearjen en is mear ynformaasje te finen.

Klaaikafee
By de iepening fan Porseleinkoorts kinne besikers yn it Klaaikafee oan ’e slach mei it dekorearjen fan in faas, hielendal op de útstalling ynspirearre. Yn it kreative wurkatelier beskilderje dielnimmers de fazen mei ferskillende kleuren glazuer ûnder begelieding fan keramist en museumdosint Meraud Pals. Men kin op leechdrompelige wize de fine kneepkes fan it fak ûntdekke ûnder it geniet fan in kop kofje of tee. It Klaaikafee is ek gaadlik foar bern. Dy kinne mei lytse faaskes oan ’e slach. Nei ôfrin wurdt de faas ôfbakt, twa wike letter kin it einresultaat yn it museum ophelle wurde.

Muzyk
Ynspirearre op de útstalling presintearret it TOK! Kwartet de hiele sneon 18e-iuwske live keamermuzyk. It TOK! Kwartet waard yn 2022 oprjochte troch bûtenlânske masterstudinten fan it Prins Claus-konservatoarium yn Grins. It kwartet bestiet út Vukica Rasovic en Alba Gonzalez Blanco op ’e fioele, Andreia Martins Florindo op ’e altfioele en Elena Rota op ’e sello.

TOK! Kwartet (foto: Siese Veenstra)

Faas út ± 1740-1750 (foto: Adrian Sauer)

Porsleinkoarts
Fan 2 maart oant en mei 1 septimber 2024 presintearret it nasjonale keramykmuseum Prinsessehof Porseleinkoorts: het witte goud van Augustus de Sterke en Madame de Pompadour. De útstalling sketst de ûntsteansskiednis fan Europeesk porslein; in konkurrinsjestriid fol yntriizjes.

Twa haadpersoanen, Augustus de Sterke, karfoarst fan Saksen, Kening fan Poalen en oprjochter fan it Meissen porsleinfabryk yn Dútslân, en Madame de Pompadour, mêtresse, kultureel adviseur en betrouwelinge fan Kening Loadewyk XV en beskermfrou fan it Sèvres porsleinfabryk yn Frankryk, foarmje de reade tried troch it ferhaal fan de waansinnige porsleinmany fan de 18e iuw.

febrewaris 26, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.