Pier Bergsma – Migraasje: net liede litte troch defêtisme.

febrewaris 8, 2024 08:00

It is net maklik om ús krisis troch en om de migraasje hinne op te lossen. De tsjinstellingen fan belangen binne grut. Dat stelt hege easken oan it polityk bedriuw dat rekken hâlde moat mei wat yn ús oerbefolke lân mooglik is.

Doe’t ik yn de Ljouwerter it ferslach lies oer de mooglike komst fan in AZC yn Dokkum (Draagvlak of niet … LC 19 jannewaris) moast ik fuortendaliks tinke oan de lêste film fan Ken Loach. Kafeebaas Bannatyne hat in lytse kroech ‘The old Oak’ yn it noardeasten fan Ingelân. Eartiids wie it goed om dêr te wenjen, wurk genôch troch de mynbou, mar it is tsjintwurdich in earmoedige boel. Hy hat muoite om syn lytse bedriuw iepen te hâlden, mar dan komme der flechtlingen út Syrië nei it doarp, dy’t ek noch syn kafee brûke wolle om mei de pleatslike befolking yn ’e kunde te kommen en freonskip te sluten. Dat jout in soad spanning yn dy lytse mienskip.

It is net foar it earst dat Loach sosjale problemen oan ’e oarder stelt. Hy die dat earder yn ‘I Daniel Blake’ (2016) oer earmoed en burokratyske rompslomp yn Ingelân en yn it oangripende en aktuele ‘Sorry we missed you’ (2019) oer in pakjesbesoarger.

Ik haw út it ferslach oer de gearkomste yn Dokkum begrepen dat it in foarbyld fan in goed demokratysk proses wie, dêr’t tsjin- en foarstanners nei-inoar harken. Boargemaster Johannes Kramer wie tefreden.

Migraasje is in haadtema yn it polityk bedriuw fan hjoed-de-dei. It is net maklik om der op in demokratyske wize mei om te gean. Minsken hawwe harren prinsipes, bygelyks om inoar te helpen, mar it seit himsels dat belangen meastal de trochslach jouwe. Wy libje yn ien fan de tichtst befolke lannen fan de wrâld, mei alle problemen dy’t dermei te krijen hawwe: brek oan wenromte en wegen, en spoaren dy’t it eins net mear oankinne.

De útkomst fan de lêste Twadde Keamerferkiezingen, mei de PVV dy’t migraasje beheine wol, wie dus foar in part te ferwachtsjen.

De problemen spylje net allinne by ús. Dútslân hat de AFD en yn Frankryk it Rassemblement National fan Marine le Pen. Stik foar stik partijen dy’t besykje om de tastream fan bûtenlanners tsjin te hâlden.

De diskusje wurdt der net makliker op troch elkenien dy’t deryn slagget om de Middellânske See oer  te kommen, in ‘flechtling’ te neamen. It binne foar in part wanhopige minsken, dy’t gjin takomst sjogge yn harren eigen lân. Europa kin dat probleem net oplosse. Yn dat ferbân is it saak om nochris goed te sjen nei dat flechtlingeferdrach út 1951. Dat wie nea bedoeld foar sokke ekonomyske ‘flechtlingen’. Der komt noch by dat in soad bedriuwen net mear bestean kinne sûnder arbeiders út it bûtenlân.

De tiid fan trije grutte partijen yn Nederlân, de VVD foar it jild, de Partij van de Arbeid foar de arbeiders en it CDA der tuskenyn – wat koart troch de bocht fansels – leit fier efter ús. Minsken litte har liede, om net te sizzen ferliede, om op partijen te stimmen dy’t dizze kear ek wer net wiermeitsje sille wat se tasizze.

Dêrby binne der spitigernôch wat langer wat mear minsken dy’t net mear yn demokratyske prosessen leauwe. De rop om in sterke man of frou nimt ta. Yn dat ferbân wie der tongersdeitejûn 18 jannewaris in nijsgjirrige gearkomste yn Tresoar. René van der Vlist (hy wie heechlearaar sosjale psychology) hold in lêzing mei as titel ‘Vrije wil, noodzaak of illusie’. Hy frege him ôf oft de ‘politieke aardverschuiving’ fan no ek in gefolch wêze kin fan grutte groepen minsken dy’t nei tritich jier neoliberaal belied der net mear oan te pas komme. Neffens my hie er dêr in wichtich punt.

Yndied hawwe minsken in frije wil, mar ferjit nea de omstannichheden dêr’t se yn libje. Sa kom ik werom by Ken Loach, dy’t yn syn resinte films sjen lit hoe’t troch it neoliberale belied yn Ingelân minsken yn de nederklits reitsje. Mar ek yn ús lân wurdt it ferskil tusken earm en ryk, tusken de minsken dy’t it foarinoar hawwe en de minsken dy’t muoite hawwe om rûn te kommen grut. Neffens Van der Vlist moatte wy ús net liede litte troch defêtisme. Dat is ek de opfetting fan Ken Loach yn syn ‘The oald Oak’. De film wie juster noch te sjen yn Slieker en is ek thús te sjen mei it Picl-systeem.

Hjirby de trailer fan de film.

Dizze tekst stiet yn in wat oare foarm op de opinyside fan de Leeuwarder Courant fan 25 jannewaris 2024. 
febrewaris 8, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma febrewaris 8, 11:20

    We misse oan ‘e linkerkant fan it politike spektrum in partij mei ynfloed dy’t de linkskonservative kiezer bine kin/wol.
    De PvdA lit dat stik folslein slûpe! En de SP slagget der net genôch yn. Bliuwt oer dat sokke minsken dy’t dan noch wol stimme wolle, gauris troch it garisma fan Wilders rekke wurde.

  2. A.N. Slachter febrewaris 9, 08:02

    ‘[…] troch elkenien dy’t deryn slagget om de Middellânske See oer te kommen […]’. Geef Frysk is by my: […] troch elkenien dy’t IT slagget om […]

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.