Ofskied Geeske Krol-Benedictus as adviseur fan de Ried

febrewaris 10, 2024 16:55

Blommen foar Geeske as tank foar har ynset. Foto: It Nijs.

Nei tal fan jierren aktive belutsenens by de Ried fan de Fryske Beweging set Geeske Krol-Benedictus no in punt achter har funksje fan adviseur fan de Ried. Tritich jier lang, ûnder mar leafst fiif foarsitters, hat de Ried profitearje kind fan Geeske har saakkundigens en advizen op it mêd fan plannen, misstannen, kontakten, regels en ferdraggen oangeande de Fryske taal.

Yn 1994 kaam Geeske yn it deistich bestjoer fan de Ried. Doe’t har maksimale termyn fan tolve jier om wie, koe en woe it bestjoer har noch net misse en krige se de funksje fan adviseur. Yn dy nije rol koe se dochs noch har weardefolle bydragen leverje.

Geeske is no 92, se folget it nijs noch sekuer, mar om jûns nei de bestjoersgearkomsten ta wurdt te beswierlik. Lykwols, as we nochris goeried nedich hawwe, dan witte we inoar te finen.
Geeske, tige, tige tank foar dyn ynset en saakkundige bydragen al dy jierren lang!

Bestjoer Ried fan de Fryske Beweging

febrewaris 10, 2024 16:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.