Nije Fryske webside www.tiidwurden.frl

febrewaris 12, 2024 09:17

Yn jannewaris is de Fryske webside www.tiidwurden.frl lansearre. De side jout tagong ta tûzenen tiidwurden yn it Frysk en it Nederlânsk. Ideaal foar it ûnderwiis en elkenien dy’t de taal leare of him dêryn ferbetterje wol.

De webside is in inisjatyf fan Henk Schaap út Smellingerlân. Hy wurdt holpen troch redaksjeleden Els Zijlstra-Zijlstra en Klaas Hoekstra; hja hawwe jierren ûnderfining yn it Frysk ûnderwiis en drage de taal in waarm hert ta.

Neist bûgingen en foarbylden fan tiidwurden toant de webside de moaiste peareltsjes fan Fryske taalkeunst, sa as skimerjûnje, grimelgrammelje, harsenskrabje, draakjefleane, ferdideldeintsje en noch folle mear. Elkenien kin meidwaan en noch ûntbrekkende tiidwurden ynstjoere. In moai foarbyld fan ‘mei-inoar, foarinoar’.

febrewaris 12, 2024 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.