Krekt útkommen by de Afûk: ‘Gozert’

febrewaris 13, 2024 08:17

It bekroande berneboek Gozert, skreaun troch Pieter Koolwijk, is no oerset nei it Frysk troch Rymke Zijlstra. De boekpresintaasje wie op woansdei 7 febrewaris, tagelyk mei de premjêre fan de teäterfoarstelling Gozert foar basisskoallen, spile troch Jeugdtheater Frets.

Yn 2021 waard Gozert bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Om’t de teäterfoarstellingen yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten. Yn gearwurking mei Utjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Fryske oersetting te fersoargjen. Dy hat dêr mei in soad wille oan wurke: “It ferhaal fan Gozert is prachtich en hat in belangryk boadskip. Ik bin bliid dat bern de kâns krije om dat moaie boek no ek yn it Frysk te lêzen.”

Ynhâld fan it boek
Ties hat in probleem. Teminsten… dat fine de measte minsken. Ties fynt dat net: hy hat in freon. Gozert. De bêste, leukste, stoerste, coolste freon dy’tst dy foarstelle kinst. Allinne is Ties de iennige dy’t Gozert sjocht en heart. En de plannen fan Gozert binne sa fantastysk dat Ties dêrtroch yn ’e swierrichheden rekket… Ties syn heit en mem wolle dat Gozert ferdwynt en nimme in yngripend beslút. Mar Ties wol hielendal net fan Gozert ôf. Wat moat er dwaan?

Pieter Koolwijk skriuwt Berneboekewikegeskink
Pieter Koolwijk skriuwt dit jier ek it Berneboekewikegeskink foar de lanlike Kinderboekenweek 2024. Foar de twadde kear yn de skiednis fan de Berneboekewike sil dêr yn opdracht fan Boeken fan Fryslân in Fryske fariant fan ferskine.

Boekgegevens Gozert
Auteur: Pieter Koolwijk | ISBN: 9789493318243 | Tal siden: 256 | Taal: Frysk | Utfiering: ynbûn | Aldens: 10+ | Oersetter: Rymke Zijlstra | Yllustrator : Linde Faas | Ferkeappriis: € 16,99 | Afûk, Ljouwert 2024 | www.websjop.afuk.frl

Boarne: Afûk

febrewaris 13, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.