Nij boerdspul ‘Streektaalstrijd’

febrewaris 19, 2024 08:14

By it nagelnije boerdspul ‘Streektaalstrijd’ beäntwurdet men tal fan fragen oer streektaal. Hoe mear fragen men goed hat, nammerste grutter de kâns dat men jins streektaal oer hiel Nederlân en Flaanderlân ferspriedt. Bygelyks: Wat betsjut it Grinslânske wurd ‘platjelopen’? Betsjut dat: a) reedride of b) skoalskûlje? It antwurd op de fraach is oan ’e ein fan dit artikel te finen.

It spul waard ûntwikkele troch taalwittenskippers fan de Ryksuniversiteit Grins: Raoul Buurke, Hedwig Sekeres, Lourens Visser en heechlearaar Martijn Wieling. De ôfrûne twa jier holden dy har njonken harren wurk dwaande mei it realisearjen fan it boerdspul. Dat diene se mei subsydzje fan it KNAW (Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen). De taalwittenskippers hoopje dat minsken mei it spul op in boartlike wize oer taalwittenskip en de fariaasje oan streektalen yn Nederlân en Flaanderen leare kinne. Mar mei it spul wolle se ek foaroardielen weinimme oer minsken dy’t streektalen prate.

It spul bestiet út in geografyske kaart fan Nederlân en Flaanderen, ferdield yn sân kleure flakken. Alle kleuren steane foar in streektaal dy’t hjoed-de-dei noch hieltyd sprutsen wurdt: Frysk, Nedersaksysk, Hollânsk, Siuwsk, Limburchsk, West- en East-Flaamsk en Brabânsk. It spul wurdt mei twa oant sân spilers spile en elkenien fertsjintwurdiget in taalgebiet. Wa’t it gebiet fan syn tsjinspiler feroverje wol, lûkt ien fan de fiifhûndert kaartsjes. Dêr steane fragen en opdrachten op, bygelyks: ‘Neam om bar in sprekwurd.’ Of: ‘rûs hoefolle sprekkers oft der fan it Limburchsk binne.’ Wa’t it goede antwurd wit, feroveret it gebiet fan de oar.

De spilers leare mei it spyljen ferskate bysûndere wurden út de ferskillende streektalen, lykas ‘platjelopen’ dus. Se komme ek mear te witten oer de grutte fariaasje binnen taalgebieten, want allinnich al it Nedersaksysks hat legio fariaasjes, tink oan Grinslânsk, Drintsk, Twintsk en Feluwsk. En dy farianten hawwe wer subfarianten.

Hotemetoot
Der kinne ek lûdsfragminten beharke wurde op de byhearrende webside. Dêr moat by ret wurde út hokker spraakgebiet it fragmint komt. Sa is ek wat oer de útspraak te learen. Dêrneist dogge de spilers kennis op oer taalkunde yn it algemien, bygelyks oer it Yndo-Europeesk, de taalfamylje dêr’t alle sân taalgebieten ûnder falle, of oer de oarsprong fan in wurd lykas ‘hotemetoot’.

De taalwittenskippers fan de RUG ûndersykje benammen Nedersaksyske talen. Dêrom wurken se foar de ûntwikkeling fan it spul mei wittenskippers út hiel Nederlân en Flaanderen gear. Se hawwe der ek sprekkers fan de ferskillende talen by behelle, dy’t bygelyks aardige wurden út harren streektaal ynbrochten.

It spul is beskikber troch hiel Nederlân hinne, mar de oplaach is beheind. En foar wa’t noch graach witte wol wat ‘platjelopen’ betsjut: it goede antwurd is b) skoalskûlje.

Sjoch op www.streektaalstrijd.nl foar mear ynformaasje oer it boerdspul.

Boarne: CGTC (Centrum Groninger Taal & Cultuur).

‘Streektaalstrijd’ (foto: Raoul Buurke/CGTC wittenskip)

febrewaris 19, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.