Nij Akademylid foardrage

febrewaris 24, 2024 08:17

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op ‘e wrâld, dy’t dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, fertsjinsten foar de Fryske kultuer, of in grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien.

Akademydei 2023 (foto: Marieke Balk)

Beneaming
Stipers en leden fan ‘e Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan ‘e Fryske Akademy foardrage. Op Akademydei wurde nije leden beneamd troch de direkteur-bestjoerder, dy’t by de beoardieling fan de foardracht stipe wurdt troch de beneamingskommisje.

Op de Akademydei 2023 koe direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fjouwer nije leden ferwolkomje. Njonken har op de foto steane fan lofts nei rjochts: Jacob Fokkema, Sietske Poepjes, Wim Benes en Hinne Wagenaar.

Yntsjinje fan foardrachten
Foar in beneaming op de Akademydei yn 2024 (freed 13 septimber) moatte foardrachten op syn lêst op snein 31 maart 2024 yntsjinne wêze. Dat kin fia in formulier op de webside. Wa’t net wis is oft immen op it stuit al lid fan de Fryske Akademy is, kin yn it foar neifraach by it sekretariaat dwaan.

febrewaris 24, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.