Muorre ûnder wetter út stientiid mooglik âldste fan Europa

febrewaris 16, 2024 08:19

In kilometerlange muorre dy’t by tafal foar de Dútske kust fûn waard, is faaks it âldste Europeeske bouwurk út de stientiid. Archeologen hawwe fêststeld dat de struktuer 11.000 jier lyn oanlein is, nei alle gedachten om op rindieren te jeien.

Kust by Rerik (foto: Wikipedia/Rauenstein – CC BY-SA 3.0)

De rige fan goed 1500 stiennen waard yn 2021 oantroffen op 21 meter djipte foar de kust fan Rerik. Wittenskippers diene dêr mei ûnderwettersondes ûndersyk nei de tastân fan de boaiem, mar troffen in rotspatroan oan dat ûnmooglik op natuerlike wize ûntstien kinnen hie. Tusken in stikmannich net te ferpleatsen swiere rotsen hiene de makkers lytsere stiennen fan inkelde tsientallen kilo’s swier oanlein. Sa ûntstie parallel oan in wâl in barriêre fan maksimaal in meter heech. De wittenskippers hawwe dy de Blinkermuorre neamd, nei de namme fan in heuvel deunby.

De ûndersikers geane derfan út dat prehistoaryske jagers dêr rindieren yn ’e fal rinne litten hawwe. De muorre twong de bisten nei it wetter, dêr’t jagers op harren proai leine te wachtsjen. “Eartiids wennen der wierskynlik minder as 5000 minsken yn Noard-Europa. Rindier wie foar harren in wichtige fiedselboarne”, leit haadûndersiker Jacob Geersen fan de universiteit fan Kiel út. “Troch de bisten yn in fûke te lieden, koene se dy op ’e wâl of yn it wetter makliker mei harren wapens deadzje.”

Op oare plakken yn ’e wrâld binne al earder fan dit soarte enoarme hinderlagen fûn, lykas yn ’e Arabyske woestyn en ûnder wetter yn de Grutte Marren fan de Feriene Steaten. Foar Europa is ien fan dit formaat unyk. De Blinkermuorre is nei alle gedachten oan ’e ein fan de lêste iistiid ûnder wetter ferdwûn, doe’t de seespegel troch teiwetter heger waard. Wittenskippers koene dat bewize troch de âldens fêst te stellen fan de grûn dêr’t de stiennen op dellein wiene. Sa waard dúdlik dat de muorre rûchwei twa kear sa âld is as Stonehenge of de Nederlânske hunebêden.

De ûndersikers binne fan doel om mear ûndersyk nei de fynst te dwaan. Dêrnjonken wolle se mear fan de seeboaiem dêr yn kaart bringe, om’t tocht wurdt dat mear fan dit soarte stelsels te finen binne.

febrewaris 16, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.