Multymediapresintaasje oer Pink Floyd troch Peter Vorrink

febrewaris 7, 2024 08:19

Peter Vorrink is in grut kenner fan de legindaryske Ingelske rockband Pink Floyd. Hy jout op freedtejûn 8 maart yn De Wier yn Koarnjum in multymediapresinaasje dêr’t er op gronologyske folchoarder en oan ’e hân fan útbrochte albums de skiednis fan de band mei behannelet.

Hy leit út hoe’t guon nûmers ûntstien binne en wat der, noch altyd, sa bysûnder oan is. Ien en oar yllustrearret er op fjouwer meinommen gitaren. Moai foarbyld is de single ‘Money’, fan it ferneamde album The dark side of the moon út 1973 mei syn aparte maatwikselingen. Peter behellet it publyk by de útlis.

In jûn fol muzyk, nijsgjirrige weetsjes, fraaie bylden en toplûd. Nei ôfrin is der folop gelegenheid om mei dizze popkenner oer de muzyk fan Pink Floyd nei te praten.

‘All sides of Pink Floyd’ troch Peter Vorrink
Freed 8 maart 2024;
Oanfang 20.00 oere, doar iepen 19.30 oere;
Yntree € 13 de persoan;
Húskeamerteäter De Wier, De Wier 5 yn Koarnjum.

Tagong allinnich nei oanmelding fia 06 – 54763154 of bobdeboer@pinupsanddowns.com. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen foar oanfang fan it evenemint, oars wurdt de yntreepriis dochs noch ferrekkene om’t der al kosten makke binne.

Boarne: ©Bob de Boer Produkties

febrewaris 7, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.