Mittagsstunde op Memmetaaldei

febrewaris 23, 2024 09:06

Filmbesprek troch Hein Jaap Hilarides

Op Memmetaaldei siet de grutte seal fan Slieker, it filmhûs yn Ljouwert, hielendal fol. It is sa stadichoan in tradysje, want it wie de tsiende kear dat hjir in film yn de memmetaal fertoand waard. De jûn waard organisearre troch it EBLT, Europeeske Buro foar Lytse Talen en Mercator, it meartaligens-ynstitút fan de Fryske Akademy. Ut namme fan dat ynstitút iepene Jelle Bangma de foarstelling. Dy organisaasje fynt it wichtich dat soksoarte fan films, yn dit gefal yn it Plat-Deutsch, makke wurde.

Onno Falkena hie de film wer útsocht. De sjoernalist fan Omrop Fryslân late de film ek yn. It wie diskear Mittagsstunde. De film wurdt sprutsen yn it Plat-Deutsch. De film is basearre op it boek Mittagsstunde fan Dörte Hansen. It ferhaal spilet yn Brinkebüll, in fiktyf plak yn ’e omkriten fan Husum en Niebüll yn Noard-Fryslân. De film, dy’t yn 2022 yn premjêre gie, is sawol lokaal as universeel, want der binne in hiel soad doarpkes as Brinkebüll en in hiel soad Brinkebüllers.

Fia in fideoboadskip kriget de seal ek noch in ynlieding fan skriuwster Dörte Hansen foar’t de film begjint. Hansen fertelt dat der twa ferzjes makke binne: ien yn it Hoch-Deutsch en ien yn it Plat-Deutsch. Uteinlik is foar dy lêste keazen.

It is in prachtige film oer de ein fan it boeredoarp Brinkebüll. It ferhaal draait om de famylje Feddersen. Dy hat in kafee-pensjon. Op in dei komt de soan Ingwer yn syn doarp werom. Syn pake en beppe, dy’t it kafee noch hawwe, wurde minder. Hy sil foar harren soargje. De beppe is demintearjend, de pake set gewoan troch. Hy hat yn Ruslân fochten en is bikkelhurd.

Stadichoan wurde de famyljeferhâldingen útinoar raffele. De mem fan Ingwer wie net hielendal goed en sy rekket al hiel jong swier. De heit ferdwynt mei de noardersinne. Achter de famyljetrageedzjes – der binne mear – spilet it teloargean fan it doarp. De ruilferkaveling feroaret it âlde lânskip, de bakkerij slút en it kafee-pension rêdt it allinne trochdat Feddersen gewoan net ophâlde wol. En de minsken yn it doarp wurde yntusken hieltyd âlder.

De film set yn izersterke bylden de personaazjes en de sfear fan ferfal del. De karakters yn de film binne gjin sljochtweihinne minsken. Se hawwe allegearre nochal harren apartichheden. De struktueren yn in famylje en yn in lyts doarp, fan foarhinne en fan no, wurde sûnder genede bleatlein. Wat dat oangiet ropt de film in protte fragen op. En dat is fansels ek krekt de bedoeling fan in goed keunstwurk.

De film Mittagsstunde is sneon 24 febrewaris om 13.30 oere nochris yn Slieker te sjen.
Sjoch ek ús berjocht fan 12 febrewaris.
febrewaris 23, 2024 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.