Minister stelt goed trije ton beskikber foar Frysk op universiteit

febrewaris 3, 2024 10:14

Demisjonêr minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) Robbert Dijkgraaf wol 340.000 euro beskikber stelle foar universitêr ûnderwiis yn it Frysk. Hy skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer en stipet dêrmei it amendemint op de begrutting fan OCW dat de Fryske Keamerleden Habtamu de Hoop (PvdA) en Aant Jelle Soepboer (NSC) mei oare Keamerleden yntsjinne hawwe.

Boarne: DINGtiid

Dijkgraaf seit dat jild ta yn antwurden op earder stelde Keamerfragen. De minister giet ek yn op it rapport fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW), der’t yn sein wurdt dat der jild fan it Ryk komme moat foar Frysk universitêr ûnderwiis. Dijkgraaf stipet it advys, dat earder yn jannewaris publisearre waard.

Dijkgraaf: “It Frysk hat as twadde rykstaal yn ’e provinsje Fryslân in wichtige posysje en hat dêrmei ek in plak yn ús wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk.” Yn ’e santiger jierren koe noch oan fiif universiteiten studearre wurde. Mar sûnt 2013 wurdt it Frysk inkeld noch oanbean as ûnderdiel fan de stúdzje Minorities & Multilingualism oan ’e Ryksuniversiteit Grins.

De minister seit dat er ûndersykje sil oft der in bachelor Fryske taal en kultuer komme kin. Dijkgraaf kin dat net oan in universiteit oplizze, om’t ûnderwiisynstânsjes sels bepale hokker stúdzjes se oanbiede. Dijkgraaf kin de Ryksuniversiteit Grins dus net twinge om in bachelor Frysk te begjinnen.

De KNAW tinkt dat der yn totaal sa’n 650.000 euro nedich is foar in aparte súdzjerjochting Frysk. “Ik diel de ambysje fan de KNAW, mar dit is echt in gigantyske stap rjochting de bachelor Frysk”, seit De Hoop, dy’t lid is fan de Politike Kommisje fan de Ried fan de Fryske Beweging. “Neffens it ministearje is 340.000 euro genôch foar in universitêr dosint en in heechlearaar, want it komt boppe-op it jild dat der al lei.”

No tiisdei stimt de Twadde Keamer oer ferskate amendeminten oangeande Frysk ûnderwiis.

febrewaris 3, 2024 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.