Meihelpe oan list jong erfgoed fan de provinsje

febrewaris 1, 2024 08:14

De provinsje Fryslân freget ynwenners fan de provinsje om by te dragen oan in list Jong Erfgoed. It giet om markante bou- en keunstwurken of wiken yn Fryslân, dy’t makke binne tusken 1965-2000. Hokker dêrfan wolle wy foar kommende generaasjes bewarje? De list is te finen op it online platfoarm Stim fan Fryslân.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Femke Wiersma: “Erfgoed is de basis fan it grutte ferhaal fan Fryslân. Om dat ferhaal oan de kommende generaasjes trochjaan te kinnen, moatte we ek yn ’e takomst oandacht hâlde foar ús erfgoed.”

Persoanlik ferhaal of erfgoed tafoegje
Fan no oant 6 maart kinne ynwenners harren persoanlike ferhaal fertelle by it jonge erfgoed. Wat is harren ferhaal by bygelyks de Bouhof yn Ljouwert? Of by de Dyktimpel yn Marrum? Dêrneist kinne ynwenners de hjoeddeistige list (oant 25 febrewaris) oanfolje mei harren jonge erfgoed fan nei 1965.

Stimfaze fan 6 oant en mei 17 maart
Op 6 maart set de stimfaze útein. Dan kinne alle Friezen harren top 5 út de kontrolearre list gearstalle. Op 20 maart makket de provinsje bekend wat de top 10 fan dy list is. Dêrnei komt der in rûte by dy tsien monuminten lâns en in filmke fan de top 3, mei in bekende Fries. De provinsje stjoert de list Fryske jonge monuminten ek nei it ryk ta, om tafoege te wurden oan de Jonge Monumentenlijst.

Stim fan Fryslân
Ynwenners kinne foar it meidwaan ynlogge op it ynternetplatfoarm Stim fan Fryslân. Dat platfoarm is der sûnt 2022 en is bedoeld om ynwenners te konsultearjen oer politike fragen. It platfoarm is der op inisjatyf fan Provinsjale Steaten kommen. Yn 2019 fregen se om better ynformearre te wurden oer de miening fan Friezen.

febrewaris 1, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.