Mediastoarm om ferbod Fryskpraten by ING

febrewaris 11, 2024 16:01

ItNijs.frl hat de ôfrûne wike in wiere mediastoarm bewurkmastere troch de publikaasje fan in telefoanysk kliïntpetear mei de ING-bank dat net yn it Frysk mocht. Net allinnich provinsjale mar likegoed nasjonale media namen it berjocht oer, wylst de kommentaren op de sosjale media der net om liigden; en dat gie dagen lang troch, algeduerigen oanboaze troch aloan nije publikaasjes. De stoarm liket noch hieltyd net belune, mar lykwols wurdt it sa njonkelytsen tiid foar in lyts oersjoch fan de rebûlje.

Frysk oarspronklike taal

Tiisdei waard ús berjocht fierder ferkrante troch de Leeuwarder Courant. Dy hie yntusken de kliïnt dy’t mei de ING skille hie, tolk Fedde Dijkstra, sels al oan west oer it foarfal. Dijkstra ljochte nochris ta dat der by de bank gjin Frysk praat wurde mei om’t klantpetearen troch oare meiwurkers weromharke wurde moatte kinne. De krante hifke dat ferhaal by de ING, dy’t befêstige dat allinnich Nederlânsk en Ingelsk tastien binne by klantpetearen. Deselde dei kopte de lanlike Telegraaf ek al: “Friese medewerker mag van ING geen Fries praten tegen Friese klant.” De lyntsjes wiene koart, om’t de skriuwer fan it artikel yn beide kranten sjoernalist Melle Veltman wie. Yn alle gefallen laten dy publikaasjes derta dat it radioprograma EenVandaag der dy middeis allyksa omtinken oan joech. Presintator Lammert de Bruin sette útein mei de Fryske gjalp ‘ûnrêst yn Fryslân’ en liet doe Dijkstra ynearsten yn it Frysk syn ferhaal fertelle. Dijkstra krige boppedat de gelegenheid om ta te ljochtsjen dat tolken Frysk de lêste jierren net mear ynset wurde yn rjochtsaken, wylst beklage persoanen prest wurde om Hollânsk te praten. De Bruin: “Sa wurdt der dus omgien mei de oarspronklike taal, want 1300 jier lyn waard yn in grut part fan Nederlân noch Frysk sprutsen.” It ûnderwerp is hjirre te beharkjen, fan 13.25 minuten ôf. Yntusken spilen de sosjale media al net swak mear by (sjoch ûnder oaren de Facebookgroep Fryslan en de Fryske taal) mei bygelyks earder Elsvevierkollumnist Syp Wynia (dy’t no it digitale blêd Wynia’s Week útjout), dy’t yn in ferwizing nei Kneppelfreed, ek wol de Slach op it Saailân neamd, opmurk dat de Friezen earder wol ried mei soks wisten en de FNP, dy’t de ING te witten die dat de bank syn klanten min behannelet; en dan yn it Ingelsk om’t Nederlânsk ommers ek mar in lokale taal is.

Wêrom in útsûndering meitsje foar in minderheid?

Woansdei hie de Ljouwerter Krante der wer in artikel oer (tiisdeitejûn al digitaal publisearre). Dêr waard yn wiisd op it ferskil tusken oerheden en bedriuwen: nei eardere opskuor jout de earste kategory mear romte oan it Frysk, mar bedriuwen kinne harren eigen regels stelle. Mirka Antolovic fan antydiskriminaasjeburo Tûmba beklamme dat soks net betsjut dat it gjin doel hat om der wurk fan te meitsjen. Deputearre Eke Folkerts sei dat de provinsje Fryslân der mei de ING-direksje oer yn petear wol. Dy deis kopte it Financieele Dagblad: “Niet alle banken kunnen het Fries waarderen” en joech Omrop Fryslân yn ‘Fryslân Hjoed’ wiidweidich omtinken oan de kwestje. Foar it Dagblad van het Noorden joech dat ynspiraasje foar de stelling fan de dei: “Met instanties moet je ook in het Fries, Gronings of Drents kunnen spreken.” Opmerklik wie oars de wurdkar by de beskriuwing fan it foarfal: “Aan de telefoon sprak Dijkstra stug door in het Fries, de bankmedewerker bleef in het Nederlands praten.” Yn dit gefal fan in petear fan twa Frysktaligen leit it ommers mear foar de hân te sizzen dat de bankmeiwurker ‘stûf’ trochprate yn it Nederlânsk. De útslach fan de enkête: 42 % wie it iens en 58 % wie it ûniens mei de stelling. It meast brûkte argumint by it earste skift wie dat minsken harren better útdrukke kinne yn harren memmetaal en by it twadde skift: “Iedereen hoort Nederlands te kunnen, waarom een uitzondering maken voor een minderheid.”

Frysk prate jout in fertrouwensbân

Der is dus noch wol wat útlis nedich oan oarstinkers. Mirjam Vellinga fan de Afûk besocht dat by RTL Nieuws. “Een heel onnatuurlijke situatie”, ornearre hja yn in freed publisearre artikel. “Het is een beetje hetzelfde als wanneer je twee Nederlandstaligen hebt en die vraagt om over te schakelen op Engels. De meeste Friezen spreken prima Nederlands, dat is het probleem niet. Maar als je beide Friestalig bent, is het natuurlijk stom om niet in het Fries te mogen praten.” Hja ferdútste fierder dat it krekt goed is foar bedriuwen om yn it Frysk te kommunisearjen: “Je hebt gelijk een makkelijkere ingang en schept een vertrouwensband met elkaar. Je spreekt dan letterlijk elkaars taal. Je hebt kwalitatief een beter gesprek en krijgt meer informatie uit mensen, zeker bij gesprekken die misschien iets spannender zijn. Bijvoorbeeld bij een gesprek over financiën.” Hja wol dus ha dat ING ferkearde prioriteiten stelt. Mar hoe moat it dan mei it monitoarjen fan de petearen foar de ynterne kwaliteitskontrôle? Vellinga: “Doe gewoon niet zo ingewikkeld. Misschien kun je dan een keer het gesprek niet zo goed monitoren, maar is dat dan het allerergste?” In pear dagen earder hie de Ried fan de Fryske Beweging nammers al oanbean om de bank te helpen mei syn taalprobleem. En by Omrop Fryslân hie Vellinga al suggerearre it monitoarjen fan petearen yn it Frysk simpelwei troch Frysktaligen dwaan te litten. Deputearre Folkerts sei tsjin de Omrop dat se har net yntinke kin dat in kommersjele organisaasje dy’t de klanten foarop set, syn taalbelied net oanpasse wol. Kollumniste Froukje Sijtsma fan de Omrop tinkt oars just dat der simpelwei gjin fatsoenlik útwurke taalbelied is: “Der binne yn dy organisaasjes gjin konkrete rjochtlinen hoe’t der mei meartaligens omgien wurde moat. En dêrtroch ûntstean faak sokke brantsjes, lykas by de ING. It opstellen fan goed taalbelied binnen bedriuwen en oerheidsynstellingen is dan ek ferstannich. As je witte wêr’t je oan ta binne, hoege je der ek net mear oer te diskusjearjen.” Yn alle gefallen hat de ING noch gjin belies jûn en hâldt de bank yn ferklearringen oan de media it skouderjen fan it Frysk stûf fol.

De ING-bank is wakker dwaande mei in ‘ynklusyf’ imago, mar wol net lije dat meiwurkers yn it Frysk mei klanten prate. Foto: It Nijs

Ynklusiviteitsparadoks

Yn it suden binne de media yntusken ek wekker wurden; hjoed stelt de regionale krante De Limburger de fraach “Mag Limburgs bankpersoneel dialect spreken tegen klanten? In Friesland is er opschudding over.” It Frysk is better beskerme as streektalen, mar it is de fraach hoefolle fertuten oft dat docht by bedriuwen. De Ljouwerter frege it oan abbekaat Jan Tulp fan abbekateburo Yspeert. Dy sei yn in juster publisearre stik: “Ik leau net dat der in wetlike bepaling is dy’t it ferbiedt om it praten yn it Frysk te ferbieden. It hânfêst foar regionale talen rjochtet him op lidsteaten, net op ûndernimmingen ” Lykwols besaut Tulp him oer it dwaan en litten fan de bank en fynt dat dy der ‘diskriminatware’ regels op neihâldt: “Want dat binne it. It is diskriminearjen nei taalgebrûk.” Hy neamt it de ‘ynklusiviteitsparadoks’: “Je slute in groep út en dat op basis fan it ynklusiviteitsargumint. Mar wat is der no gekker dan dat der yn Fryslân twa Frysktalige minsken net yn it Frysk belje meie?” Tulp lûkt it fierder troch: wurdt Nederlânsk skielk ek ferbean as der te min Nederlânsktalige meiwurken foarhannen binne? Hy wiist der lykwols op dat banken net alhiel ûnôfhinklik fan oerheden binne, lykas by de lêste ekonomyske krisis bliken die: “As de steat der net west hie, wiene se oer de kop gien.” Tulp wol útsykje wat “no de juridyske status is” fan de ban op it Frysk troch ING, “want dat it net ferbean is, wol noch net sizze dat it ek tastien is.” It soe neffens him de baas wêze dat meiwurkers fan de ING sels yn aksje komme.

Opsizze, dy rekkens!

Rûnom wurdt ek wiisd op mooglike aksje fan klanten, lykas kollumnist Pieter de Groot earjuster yn de Ljouwerter: “De fraach is: hoe rint it ôf? Op syn bêst is de saak al oplost as jo dit stikje lêze. It is ommers mar in technysk probleem. Set de oersethelp oan en de kompjûter spuit oersettingen yn alle talen út. Mar op syn beroerdst hâldt de ceo fan ING hoek. It is gjin steatsbedriuw dat him oan de taalwet en it Ramtferdrach foar minderheidsspraken hoecht te hâlden. Dan stiet de Ried fan de Fryske Beweging gjin oare wei iepen as alle Fryske rekkenhâlders op te roppen ta in boykot. Sis op, dy rekkens!” Mar: “Wêr dan hinne? Lit de Ried fan de Fryske Beweging earst fernimme nei it taalbelied fan de oare banken. Lead om âld izer of meitsje se it ferskil?” Syn kollega Melle Veltman hat lykwols yntusken de oare banken der al wer oer oan west. Hy skreau juster: “Dat het anders kan, blijkt uit het beleid van andere banken. Bij Rabobank laat een woordvoerder weten dat medewerkers gewoon Fries, Frans, Berbers – of welke taal ze ook maar beheersen – mogen praten, als de klant maar geholpen wordt. Het Financieele Dagblad meldde deze week dat ABN Amro klanten alleen in het Engels en Nederlands te woord staat, maar nu laat de bank zich voorzichtiger uit: De taal waarin we communiceren is afhankelijk van de concrete situatie. Die taal kan dus Fries zijn. Ook bij De Volksbank staat het medewerkers vrij om Fries te praten. Volgens de bankorganisatie achter onder meer ASN, SNS en RegioBank is de vraag naar een gesprek in de Friese taal in Friesland hoog: dit geldt voor ongeveer de helft van alle Friese klanten. Directievoorzitter Rein Wispelweij van RegioBank benadrukt dat je bij zijn banken gewoon contact hebt met het lokale kantoor. Contact in het Fries of Limburgs, hij juicht het alleen maar toe: Wij zien dat klanten dat waardevol vinden.”

In Slach op de Tesselschadestrjitte?

Der falt dus foar taalbewuste bankkliïnten wol wat te kiezen. Mar as men ien kear fuort is, falt der gjin ynfloed mear út te oefenjen. Meiwurker fan Tûmba Harry Prins die juster in oare suggestje yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter, dêr’t er ûnder oaren ek abbekaat Tjalling van der Goot yn oanhelle oer dat oare front dêr’t striid foar it Frysk plak hat: “Het is belangrijk dat je bij je eigen taal kunt blijven: mensen moeten niet zoeken naar woorden. Als er geen tolk is, betekent het dat het Fries in de rechtszaak wordt uitgehold.”  Prins sjoch parallellen mar ek ferskillen mei it Papiamintsk: “De overwinning voor het Papiamentu als beschermde taal, een strijd die vijftien jaar heeft geduurd, heeft voor het Fries een wat nare bijsmaak. Papiamentu-verdachten of Papiamentu-sprekende deelnemers hebben het recht op een juridische procedure volledig in het Papiamentu in de rechtbank op Bonaire. Dat is voor de Friese taal, ondanks haar beschermde status, niet het geval. In Leeuwarden zijn processen in het Nederlands, met als argument dat niet alle medewerkers van de gefuseerde rechtbank Noord-Nederland het Fries verstaan.” Skaalfergrutting dus as oarsaak foar it ferhûddûkjen fan in lytse taal, by rjochtbanken en oare banken. Sadat de sprekkers algeduerigen skreppe moatte om harren taal maatskiplik relevant te hâlden. Mar dat kinne ek ‘bedriuwsfreonlike’ aksjes wêze. Prins: “De ING is een commercieel bedrijf. Die bepalen hun eigen regels. Maar het is toch van de zotte dat een multinational als de ‘oranje leeuw’ in Fryslân nota bene medewerkers verbiedt Fries te spreken door de telefoon. Dit vraagt om een actie als dat iedere Fries die een rekening heeft bij de bank 1 eurocent overboekt met als mededeling Praat mar Frysk!” Of oars dochs mar, yn in ferwizing nei Kneppelfreed en it plak fan it kantoar fan ING yn Ljouwert, in ‘Slach op de Tesselschadestraat’?

Sjoch foar op It Nijs publisearre kommentaren op de rebûlje oer it Frysk by de ING hjir en hjirre. Misse der neffens jo wichtige bydragen oan de mediastoarm yn dit oersjoch? Lit it ús witte!

febrewaris 11, 2024 16:01
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Grytsje Kingma febrewaris 11, 16:37

    Juster is der by Radio Spannenburg ek omtinken jûn oan dit ûnderwerp. By it programma ‘Gewoan Frysk’, de werhelling is te belústerjen fia http://www.radiospannenburg.nl by útstjoering mist, en dan 10 febrewaris oanklikke. It komt sawat nei de 15e minút foarby.

  2. Sybren febrewaris 11, 17:58

    Art 1 fan de Grunwet seit hjir ek wat oer

  3. Jehannes Elzinga febrewaris 13, 14:16

    Wa is Sybren? Is dit deselde Sybren as dy fan it orizjinele artikel? It soe dochs moai wêze as de auteur fan in artikel him persoanlik kenber makket.

  4. Akke Blom febrewaris 14, 12:32

    Ek by De Friesland ferhippe se it om Frysk te praten. Better sein, wierskynlik stiet it belied it net ta. Ik hie in Fryske meiwurker oan de telefoan dy’t sei dat se it net koe. Nei wat wifeljen sei se dat se my wol ferstie. Dus ik prate Frysk sy Nederlânsk. Dat koe se twa tellen folhâlde, doe prate se sa Frysk as ik wit net wat.
    Har earste antwurden liken my ynjûn te wêzen troch belied. Mei fansels it al âlde argumint dat gesprekken werom harke wurde kinne moatte.
    As jo betrouwen útstrielje wolle as bedriuw, moatte je de meiwurkers net lige litte en jins klanten respektearje en net diskriminearje.

    It argumint dat wy as Friezen ek it Nederlânsk machtich wêze moatte roait kant noch wâl. We ha noch in lange wei te gean.

    Akke Blom

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.