Mear ynspanning nedich foar gebrûk minderheidstaal yn Switserlân

febrewaris 15, 2024 08:28 Fernijd

De kommisje fan saakkundigen fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden fan de Ried fan Europa hat foarútgong meld by de ymplemintaasje fan it Hânfêst troch Switserlân, mar hat de autoriteiten ek útnûge om oanfoljende maatregels te nimmen.

Foto: Wikipedia/JoachimKohlerBremen, eigen wurk – CC BY-SA 4.0

Yn syn lêste rapport oer Switserlân seit de kommisje dat de skoalynspeksje yn it kanton Graubünden/Grischun/Grigioni periodyk tafersjoch hâldt op it Italiaansk en Reto-Romaansk taalûnderwiis, yn oerienstimming mei syn oanbefellingen. De autoriteiten wurdt lykwols fersocht om oanfoljende maatregels te nimmen om it gebrûk fan it Italiaansk yn it ekonomysk en sosjale libben te befoarderjen, mei it each op it belang fan dy taal yn it deistich libben.

Deselde oanrekommandaasje jildt foar Reto-Romaansk, dat better foarútholpen wurde moatte soe yn ’e publike sektor. Yn it bysûnder ropt de kommisje de autoriteiten op om mear omtinken te besteegjen oan aktiviteiten yn it ekonomyske en sosjale libben by de ymplemintaasje fan de digitale uteringen yn it Reto-Romaansk, ynklusyf it gebrûk fan dy taal troch federale publike tsjinstferlieners.

febrewaris 15, 2024 08:28 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.