Marten Walinga nimt kop by Frysk damjen

febrewaris 1, 2024 08:19

Ferslach troch Siebren Dyk

Fan ‘e fjouwer koprinders yn it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul bleau tiisdeitejûn oan ‘e ein fan ‘e tredde omloop mar ien oer. Marten Walinga wûn yn Jorwert fan neiste konkurrint Taeke Kooistra, wylst de oare kânshawwers allegearre op remize stykjen bleaune.

Foto: Willem Dykstra

Nei in lange oanrin mei in soad strategysk gesko sloech Walinga syn slach mei in moaie kombinaasje dêr’t er in daam mei helle. Dy stie ek fuortendaliks sa geunstich dat er de oerbleaune trije skiven fan Kooistra yn ‘e stringen hâlde koe. Walinga syn broer Siebe kaam ûnderwilens tsjin de op papier swakkere Pieter Hoogterp net fierder as kamp. Hoogterp kaam der yndied minder op te stean, mar syn daam pakte úteinlik genôch fijanlike houtsjes.

In oare wichtige moeting, dy tusken Henk Haanstra en titelferdigener Jelle Wiersma, einige ek ûnbeslist. Haanstra moast offerje om nei daam trochbrekke te kinnen, en skode úteinlik bekwaam nei remize. De fjirde wedstriid hie grif ek yn in lyk spul einige as Hein de Vries mei in moaie finesse syn tsjinstanner Tsjerk Wijbenga net te pakken nommen hie. Daamslach giet yn it Fryske spul no ienris foar, en dat wie de Arumer efkes fergetten. De Vries is dêrmei fan it lêste plak ôf.

Spektakel wie der by de twadde acht. Koprinner Fedde Wiersma kaam mei in machtigen slach tsjin Liuwe Westra twa houtsjes foar. Mar dy helle syn gram troch in noch fernimstiger kombinaasje. De sa helle daam wie Wiersma dêrnei te machtich. Fan dy misstap profitearre Bernard Kroon. Troch in deeglike oerwinning op Willem Schaap hat de Blauhúster no ferrassend de kop oernommen.

Yn ‘e tredde acht rûn Cor Kooistra troch in remize tsjin de altyd deeglike Kees Tijssen syn earste skea op. Willem Hoekstra koe tanksij in oerwinning op readelantearnedrager Ype Boelens sa op likense hichte komme. Kommende sneon wurdt it persoan kampioenskip fuortset yn Lollum.

Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0,5-0,5, Hein de Vries (Ljouwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.
Stân: M. Walinga 2,5; Haanstra en S. Walinga 2; Kooistra en Wiersma 1,5; Hoogterp en De Vries 1; Wijbenga 0,5.

Twadde acht: Folkert Groenveld (Jutryp) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0, Bernard Kroon (Blauhús) – Willem Schaap (Jirnsum) 1-0.
Stân: Kroon 2,5; Groenveld, Westra en Wiersma 2; Schaap 1,5; Van der Meer 1; Dykstra en Kingma 0,5.

Tredde acht: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Ype Boelens (Menaam) 1-0, Hidde de Vries (Langsweagen) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Malte Schulz (Hamburg) 1-0, Kees Tijssen (Reduzum) – Cor Kooistra (Nijlân) 0,5-0,5.
Stân: Hoekstra en Kooistra 2,5; Tijssen 2; Schulz 1,5; Dyk, De Vries en Wiersma 1; Boelens 0,5.

febrewaris 1, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.