Koar gemeentehûs Roomelse sjongt liet yn it Sealterfrysk

febrewaris 14, 2024 08:13

Hjoed, op Falentynsdei is foar it earst in hit yn it Sealterfrysk op de radio te hearren. In gelegenheidskoar fan it Sealterske gemeentehûs hat ûnder de namme Die Saterfriesen de hit “Ganz ganz tief in meinem Herzen” fan Peter Sebastian en Tina Heeschen yn it Sealterfrysk opnommen. It liet hat de Sealterfryske titel ‘Aiske joop in mien Haat’.

Foto: Wikipedia – publyk domein

It ferske is ek op ferskate siden op ynternet te hearren. As der genôch fraach is, wurde ek cd’s mei de hit makke.

It idee om de hit oer te setten yn it Sealterfrysk kaam ferline jier op in popfestival doe’t Peter Sebastian en boargemaster Thomas Otto mei-inoar yn petear wiene. Boargemaster Otto socht ûnder syn meiwurkers op it gemeentehûs yn Roomelse (Ramsloh) in groep goede sjongers en frege Henk Wolf om it liet oer te setten yn it Sealterfrysk. Peter Sebastian begelate de opnamen yntinsyf yn ’e opnamestudio en stipe Die Saterfriesen mei de promoasje. As haadsjongers litte Marko Roder en Isabella Preis sjen dat sels minsken mei goede sjongstimmen kieze foar in karriêre yn de pleatslike oerheid. It ferske wurdt útbrocht troch Toi Toi Toi Records yn Hamburch.

Harkje nei it liet:

febrewaris 14, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.