Klantekontaktsintra en Frysk

febrewaris 13, 2024 15:21

Ynstjoerd

Der is opskuor ûntstien fanwegen it berjocht dat in meiwurker fan de ING net Frysk mei de klanten prate mei. De Fryske Beweging wol mei de ING yn petear en yn alle kranten binne wiidweidige artikels publisearre oer it ûnderwerp. Mar eins leit it probleem breder: der binne nochal wat klantekontaktsintra (KKS) yn Fryslân, fan bygelyks fersekeringen, soarch, enerzjy, pakkettsjinsten ensfh. It soe goed wêze om dat goed yn kaart te bringen en dan mei mear fan dy bedriuwen yn petear te gean. Want gjin Frysk prate meie spilet oeral. It probleem leit ek djipper: de measte meiwurkers fan KKS binne flekswurkers. Ien petear yn it Frysk en hja krije in warskôging. Twa kear en it is dien mei it kontrakt. Se doare dan fansels net Frysk te praten.

Ik haw sels ek yn it KKS fan in bedriuw wurke. Doe’t ik ris kunde oan ’e line krige, hawwe wy Frysk praat. Fansels waard ik ek beoardiele op myn petearen, mar dat giet stekproefsgewiis en der binne nochal wat petearen op in dei. Dat krekt dat iene petear yn it Frysk derút helle wurdt is tafal.

Yn petear mei dy bedriuwen soe ik sizze: der binne genôch petearen dy’t brûkt wurde kinne foar in beoardieling. Ris in petear yn it Frysk moat kinne. Mar foaral: meitsje fan it Frysk te wurd stean fan klanten in Unyk Ferkeap Argumint!

Ger Dyk

febrewaris 13, 2024 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.