Keltyske muzyk fan Rayana op 2 maart yn De Wier Koarnjum

febrewaris 5, 2024 08:18

Op sneontejûn 2 maart wurdt it ymtime húskeamerteäter De Wier yn Koarnjum folle mei sfearyske Keltyske muzyk en klanken mei in mystyk tintsje troch Rayana. Hja wurdt ynspirearre troch folk, new-age, minimal-music en wrâldmuzyk.

©Rayana, poster: ©Bob de Boer Photography

Rayana sjongt, begeliedt harsels op ûnder oaren harp en toetsen en waard yn har tweintichjierrich bestean as artyst stipe troch ferskate muzikanten yn ferskillende besettingen. Op sneontejûn 2 maart is dat multy-ynstrumintalist René Verkammen op û.o. tuba, (bas)klarinet en cajon. Rayana begûn al jong om har gedichten op muzyk te setten en dat hat him fierder troch ûntwikkele. De Keltyske muzyk is foar har in grutte útlitklep. Wat se dêr muzikaal mei bedoelt, is by it konsert werom te hearren – hja daget de konsertbesiker út om ien en oar sels yn te foljen.

Eleminten dy’t yn har muzyk ferklanke wurde, binne û.o. mankelikens, leafde, iensumens, langstme en hoop, mar ek de konneksje tusken minsken en alles om jin hinne. Neist har eigen wurk spilet se yn De Wier ek nûmers fan û.o. de Kanadeeske sjongeres Loreena McKennitt en de Ierske Enya. Dy twa sjongeressen hawwe dan ek grutte ynfloed op har eigen muzyk. Dêrneist is se in grut leafhawwer fan de Noarske popsjonger Morten Harket (A-ha).

Rayana @ De Wier yn Koarnjum
Sneontejûn 2 maart 2024;
Oanfang 20.00 oere, doar iepen 19.30 oere;
Yntree € 15 de persoan;
Húskeamerteäter De Wier, De Wier 5 yn Koarnjum.

Tagong inkeld nei oanmelding fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of tel. 06 – 54763154. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen foar oanfang fan it evenemint. Oars wurdt de yntreepriis dochs noch ferrekkene yn ferbân mei foarôf makke kosten.

febrewaris 5, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.