Jonge Fryske iismasters leare it fak yn Sweden

febrewaris 26, 2024 08:16

No’t natueriis yn Nederlân hieltyd seldsumer wurdt, siket it Fryske Iisbûn it fierderop. Ferline wike wie in groep jonge iismasters op ekskurzje nei Sweden om it fak te learen.

Reedride op de Vänern yn Sweden (foto: Simone Djurrema)

“Wy krigen in iisekskurzje en dêrby geane twa Sweedske gidsen mei”, seit iismaster Sytse Kroes by Omrop Fryslân. “Hja hawwe dêr in protte ûnderfining mei natueriis en kinne ús dêr goed de ferskillende soarten iis sjen litte. En se binne der wend om tochten te organisearjen, yn alle waarsomstannichheden.” It Fryske IIsbûn bestiet sûnt de njoggentjinde iuw en nimt syn wurk tige serieus. It bûn hat in iiswegekaart foar Fryslân opsteld en foar bern in spesjaal lespakket ûntwikkele oer it riden op natueriis.

Likegoed slagget it de âldere garde iismasters hieltyd minder goed om harren kennis op de jongere generaasje oer te dragen, om’t der noch mar sa’n bytsje natueriis is. Kroes: “En it kin net op keunstiis. Dat moat echt op natueriis barre. Dêrom binne der ek kundige iismasters mei.”

Underlinge gearwurking
It is foar it earst dat it Fryske Iisbûn sa’n reis organisearret. Foar Sweden is keazen om’t it lânskip op dat fan Nederlân liket; it is der allinnich kâlder. De groep dy’t nei Sweden reizge is, bestiet benammen út jonge iismasters tusken de tritich en fyftich jier. In part fan harren kin him sels de lêste Alvestêdetocht, dy fan 1997, net yn it sin bringe. Mar ûnderfining opdwaan mei natueriis is net it iennige doel fan de reis, seit Kroes mei klam. De gearwurking ûnderinoar is ek wichtich. “As it ienris safier is dat we ride kinne, is it wichtich dat we klearsteane”, fertelt Kroes. “Wy moatte inoar helpe dêr’t it kin en dan helpt it as men inoar al ken. It petear dat we dizze dagen hâlde is tige wichtich.”

Kampanje
Kroes hopet ek it entûsjasme foar it fak oer te bringen. Nei in kampanje fan it reedrydbûn KNSB yn 2021 melden har yn koarte tiid fjouwerhûndert frijwilligers dy’t iismaster wurde woene. Dat wie doe genôch. Mar it winnen fan nije en foaral jonge iismasters bliuwt belangryk, seit Kroes. De hjoeddeiske generaasje iismasters fergrizet hurd. As der neat dien wurdt, stjert it fak oer in jiermannich út

febrewaris 26, 2024 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.