Johannes Wardenier (ferhaal)

febrewaris 3, 2024 10:00

Hiel Wolvegea op ’e kop

Yn it Nieuwsblad van Friesland stie op 2 novimber 1934 op de foarside ûnder de kop Opzienbarende uitvinding: ‘De motor zonder benzine of olie als drijfkracht. Groote toekomst voor Wolvega, een fabriek van 13000 man en 13 millioen kapitaal.’

Der giene yn Wolvegea en omkriten frjemde geroften om: in jongkeardel út dy omkriten soe in motor konstruearre hawwe, dy’t gjin benzine of oalje as driuwkrêft nedich hie. Fansels gie it net allinne oer de útfining, mar ek oer wierheden dy’t eltse fantasy te boppe giene. It soe foar Wolvegea en omkriten in grutte takomst iepenje.

Johannes Wardenier

De útfiner, de autoriteiten en ferskate parsefertsjintwurdigers holden in gearkomste yn it gemeentehûs fan Wolvegea. Dêr waard it ien en oar meidield, troch de útfiner sels en troch in fertsjintwurdiger fan de gemeente. De útfiner wie in ienfâldich man fan 22 jier, berne yn Stienwikerwâld en dy’t syn domisylje yn Wolvegea hie. Mei rêstige, kalme en ienfâldige wurden waarden feiten meidield, it iene noch bjusterbaarliker as it oare. Se makken bekend dat Wardenier mei help fan ryksyngenieurs ferskate ferbetteringen oan syn útfining oanbrocht hie en dat er syn motor by in autofabrikant yn Swol útprobearre hie. Dat wie op ferskillende sjassys dien en de proeven wiene folslein slagge.

De autofabrikant wie ta de konklúzje kommen dat it hielendal wier wie, dat it troch de útfiner en syn helpers garandearre wie en dat soksoarte fan motors foar noch gjin 25 gûne yn ’t jier oan smaroalje nedich hiene, ek al soe er dei en nacht trochrinne. De motor koe trije moanne draaie sûnder dat er byfolle hoegde te wurden. De autofabrikant út Swol befêstige dat en mei syn gearwurking soe de motor yn de hannel brocht wurde en waard oan him de lisinsje ferliend. Dernei skaften se foar de motor in sjassy oan dêr’t ek in karrossery op boud wurde koe.

​Wolvegea stie op ’e kop. It wie de bedoeling dat dêr of yn de omkriten in fabryk boud wurde soe dêr’t 13.000 minsken wurk fine koene. De tekeningen wiene al makke en yn jannewaris 1935 soe der mei de bou begûn wurde kinne. Neffens de gemeente wie de bougrûn al beskikber.

Yn Wolvegea wiene der kafeehâlders dy’t fan doel wiene om harren saak ombouwe te litten ta hotel en guon bedriuwen rûnen mei reklame-advertinsjes al foarút op de útfining. Der kamen ek hiel wat spekulanten, sakelju en yndustriëlen fan rûnom wei nei Wolvegea ta. As Wardenier yn syn swarte Ford troch Wolvegea ried, wiene der sels guon dy’t de pet ôfnamen as er by harren lâns kaam.

Wethâlder Muurling toande oan de Meppeler krante in ôfskrift fan in keapakte fan in stik grûn fan 70 bunder. It fabryk, 300 meter lang en 280 meter breed, soe oan de Schipsloot komme. Mar der wiene ek guon dy’t twivelen: automobilen sûnder brânje, dat koe dochs net? Wardenier waard, om alle twivels wei te nimmen, by de boargemaster roppen om syn motor sjen te litten, mar hy wegere. Hy berôp him op de jildsjitters, dy’t net woene dat de motor toand waard, bang foar de konkurrinsje.

Grut nijs

Hy soe yn dy tiid ek oansprutsen wêze troch benzinemaatskippijen, waard der sein, en der moast him in protte jild bean wêze as er syn útfining ferdwine litte soe. Hy hie yn dy tiid in persoanlike liifwacht yn de persoan fan fjildwachter Bouma, om him te beskermjen tsjin oanslaggen op syn libben.

De Meppeler krante skreau dat der oant 1938 al in direkteur beneamd wie foar it nije fabryk en dat dan Wardenier it direkteurskip oernimme soe.

Op 7 novimber 1934 hie er in ôfspraak mei de VARA-radio om tekst en útlis te jaan oer syn útfining, mar hy kaam dy jûn net foar de mikrofoan.

Wat der him op 8 novimber yn it gemeentehûs ôfspile hat is nea bekend wurden. Moarns sei de boargemaster ynienen tsjin wethâlder Muurling: “It is ôfrûn.” “Wat bedoele jo?” frege Muurling. “Dêr komst noch wol efter”, snaude boargemaster Maas en hy sloech mei in grutte klap de doar fan syn wurkkeamer ticht. Der folge In drama. De boargemaster skille mei ferskate ynstânsjes, dokters en provinsjale bestjoerders. Wardenier, dy’t yn oerlis wie mei de notaris, waard ophelle troch twa ûnbekende hearen mei it boadskip dat de boargemaster him sprekke woe. Wardenier liet him mei de lúkse auto nei it gemeentehûs ride. Wat der doe besprutsen is, is net bekend. Boargemaster Maas hat altiten wegere om deroer te praten. Wa’t mear witte woe moast by de oerheid wêze. Fjildwachter Oppenhuis fertelde dat nei oerenlange petearen boargemaster Maas lilk rôp: “Net ik bin gek, mar do bist lang net wiis.” Wardenier waard ynwyt, hy rûn mei grutte stappen nei de doar, mar dy siet op ’t slot. “Do giest nei Grins jonge”, sei de boargemaster, doe wer kalm. Hy kundige dat oan sûnder dat in dokter sjoen hie oft Wardenier psychysk wol yn oarder wie.

In jier foar syn stjerren* hat Wardenier ferteld hoe’t it dy dei gien wie: “Doe’t ik by de boargemaster yn it gemeentehûs kaam, ha se my yn in keammerke opsletten, in hiele poas. Doe’t ik der wer útkaam wie ik dûm, ik sei doe: ‘As ik myn revolver by my hân hie, hie ’k jimme delsketten.’ Doe ha twa plysjes my yn in auto nei Grins brocht. Op de psychiatryske ynrjochting waard ik yn in isolearsel opsletten. Dêr ha ik doe fiif dagen sitten. Nimmen mocht mei my prate.”
Hy fertelde dat doe’t er op 13 novimber thúskaam, de motor ferdwûn wie. Syn âlden fertelden dat der twa kreas klaaide hearen mei in grutte djoere auto mei it boadskip kamen dat se de motor ophelje soene, hja hiene tastimming fan Wardenier, seine se. It praat gie dat Philips de gegevens fan de motor brûkt hie foar in hjitteluchtmotor en Opel foar de wankelmotor.

En sa is it in mystearje bleaun. Yn de Leeuwarder Courant fan 21 febrewaris 1985 stiet yn de sneonsbylage in stik ûnder de titel Nieuwe feiten in het mysterie Wardenier. Dy krante is op ynternet ûnder https://www.delpher.nl/ te finen.

*Wardenier is op 27 july 1960 ferstoarn.

Jangerben Mulder

Boarne: Henk Ymker, Het Mysterie Wardenier. Dat boek is noch te keap (https://boekwardenier.nl/inkijkexemplaar)
Mulder hat it ferhaal earder publisearre yn Groot Heerenveen.
febrewaris 3, 2024 10:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute de graaf febrewaris 7, 12:32

    Leauw my mar. Wardenier is pipele troch de yndustriële machten. Dy ha de Oerheid wiis makke dat Wardenier gek wie. Sels ha se de motor en tekeningen mei beskruiwingen ferdonkeremoanne en/of brûkt foar eigen doelen. Der moat wat fan wier west ha.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.