Jildswylaksje foar dokumintêre oer Fryslân

febrewaris 11, 2024 08:18 Fernijd

In op-weifilm op ’e fyts by safolle mooglik Fryske doarpen lâns. Dat is it idee efter Door Weer en Wind, in dokumintêre fan Benthe Smit oer de mienskip yn Fryslân.

Boarne: Voordekunst.nl

Benthe Smit komt út Menaam en is studint oan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert. It projekt is ek in oade oan it Fryske lânskip.

Foardat it draaien fan de film begjinne kin, is der wol noch wat jild nedich. Sa moat der goede apparatuer en in fyts mei fersnellingen komme. Donearje kin fia it jildswylplatfoarm Voordekunst.

febrewaris 11, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.